Ferdwaalde walrus sjoen op sânplaat by Skiermûntseach

septimber 21, 2021 08:40

Op sânplaat Simonssân njonken Skiermûntseach is in walrus sjoen. It is in bysûndere waarnimming, want walrussen libje trochgeans op driifiis yn de Noardlike Iissee.

Foto: pixabay.com

It giet om in wyfke dat earder al by Denemarken en Dútslân opdûkte. De waarnimming is dien troch Ralf van Hal, ûndersiker by de Universiteit fan Wageningen. Hy seit tsjin Omrop Fryslân dat er net fuortdaliks yn ’e gaten hie dat it sa’n bysûndere ferskining is. Van Hal wie foar ûndersyk op it Waad. Hy wit foaral in protte fan fisken.

By de East-Fryske Waadeilannen Baltrum en Spikereach waarden ek al foto’s fan it wyfke makke. Op Spikereach kamen in protte nijsgjirrige minsken op it bist ôf. Lokale Dútske media berjochtsje dat it wyfke nei alle gedachten út Denemarken kommen is. Natuerorganisaasjes advisearje om de walrus fan in ôfstântsje te besjen, sadat it bist net skrikt.

Walrussen libje yn it Noardpoalgebiet en ferlitte dat gewoanwei nea. Se kinne wol lange ôfstannen swimme. Wêrom’t guon walrussen sa fier ôfsakje is net bekend. De lêste walrus dy’t Nederlân oandie, waard yn 1998 op It Amelân sjoen.

septimber 21, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.