Feestlike dei yn Spoarpark Feanwâlden

septimber 27, 2021 08:48

Sneon 25 septimber wie it feest yn Feanwâlden. It stasjonsgebiet, it park en de strjitten yn ’e omjouwing binne klear en dat waard fierd. Wethâlder Kees Wielstra en Aije Klaren fan Doarpsbelangen Feanwâlden-Feanwâldsterwâl trapen de feestlike dei ôf mei it ûntbleatsjen fan it nammeboerd fan it nije park: Spoarpark.

Aije Klaren fan DB (l.) en wethâlder Kees Wielstra (foto: Nanne Nicolai)

De namme ferwiist nei it nije stasjonsgebiet dat troch it park no yn ferbining mei it doarp stiet. Aije Klaren: “De namme is keazen út mear as fjirtich suggestjes. Wy hawwe in spesjale stimjûn organisearre dêr’t alle Feanwâldsters de kâns op krigen om mei te beslissen. By einbeslút bleau ‘Spoarpark’ mei twa oare nammen oer as favoryt. It wie in moai proses.”

Yn it Spoarpark wie sneon fan alles te sjen en te belibjen. Fan berne-attraksjes, âlde ambachten, weinen mei iten en drinken oant in moadesjo en muzyk.

Underdiel fan it projekt Kânsen yn Kearnen
Nei de oanlis fan de Sintrale As rydt der minder ferkear troch de doarpen Garyp, Burgum, Hurdegaryp, Damwâld, De Falom en Feanwâlden. Dêrom binne de seis doarpen mei it projekt Kânsen yn Kearnen de ôfrûne jierren opnij ynrjochte, leefberder en ferkearsfeiliger makke.

septimber 27, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.