Ekstra stipe foar programmearring kulturele aktiviteiten

septimber 9, 2021 08:15

Kulturele ynstellingen yn de provinsje Fryslân lykas poppoadia, teäters, musea, film- en doarpshuzen kinne meikoarten foar harren programmearring ekstra stipe oanfreegje. Ut de regeling, ‘Programmeringsimpuls culturele activiteiten Fryslân’, ûnderdiel fan it twadde provinsjale pakket om der wer boppe-op te kommen, komt trije ton beskikber foar it programmearjen fan aktiviteiten yn koroanatiid. De regeling giet op 15 septimber iepen en rint oant en mei 15 desimber 2021.

Koroana hat in grutte en bliuwende ynfloed op de leefberheid en de kulturele sektor. In soad kulturele aktiviteiten binne hieltyd wer opskood of ôfsein, en de ein fan de needhelp komt yn sicht. De programmearringsregeling wol de oanbieders fan kulturele aktiviteiten yn harren wichtige rol temjitte komme.

De regeling rjochtet him op lytse en middelgrutte oanbieders. Troch it finansjele risiko op it mêd fan programmearjen te ferleegjen, moat it, wylst der rekken holden wurde moat mei de koroanamaatregels, finansjeel mooglik wurde om kulturele aktiviteiten oan te bieden. De regeling moat bydrage oan in heterogeen oanbod, dêr’t lytse, minder bekende of eksperimintele aktiviteiten ek by boekt wurde.

De programmearringsregeling makket diel út fan ‘Lok op 1. No & Moarn’, it twadde helppakket yn koroanatiid. Dat hat mei-inoar € 10 miljoen beskikber foar kultuer, gastfrijheidsekonomy en leefberheid. Yn ’e mande mei de subsydzjeregeling ‘Kleine cultuurinitiatieven Fryslân’ (foar Fryske makkers) moat de programmearringsregeling yn koroanatiid foar in ekstra ympuls oan de kulturele sektor soargje. Der kin in bydrage oanfrege wurde foar losse aktiviteiten, mar ek foar in searje fan aktiviteiten. It subsydzje wurdt takend op folchoarder fan ûntfangst fan de oanfragen.

septimber 9, 2021 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.