Ekstra edysje sfearfolle Boeremerk Wâldsein

septimber 3, 2021 08:24

Op sneon 11 septimber, mei Iepen Monumintedei, wurdt yn Wâldsein in ekstra Boeremerk organisearre. Dat fanwege it grutte sukses fan de merken op tongersdeis yn ’e simmerfakânsje. Fan 11.00 oant en mei 17.00 oere stean opnij goed tritich kreamhâlders mei harren farske streekprodukten en oare ferrassende artikels op ’e merk.

Foto: Thea de Jong

De merk is yn it sintrum fan Wâldsein, op in sfearfol plak by de passantehaven en de ytgelegenheden mei terrassen. Yn Wâldsein wurdt dy deis ek rom omtinken oan Iepen Monumintedei en it UT-Festival bestege. Op it programma stean û.o. in monuminterûte by alle 23 monuminten del, muzyk, berneteater, in treintsje troch it doarp en fartochtsjes. Alle aktiviteiten binne fergees tagonklik.

Sawol foar de merk as de monuminterûte jildt, yn ferbân mei de koroanamaatregels, in dúdlike rinrûte. Sjoch foar mear ynformaasje op ’e webside welkominwoudseind.nl.

Foto: Thea de Jong

septimber 3, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.