‘Eitje’, in podcast oer in bernewinsk

septimber 17, 2021 08:51 Fernijd

Yn de fiifdielige podcastsearje Eitje besiket podcastmakster Malou van der Starre as allinnichsteande tritiger ynfolling oan har bernewinsk te jaan. Hja fynt it al in hiele stap om it allinnich oan te gean, want sa hie se it nea foar har sjoen. En dan blykt it ek noch net samar te slagjen. Op har syktocht praat se mei freonen en kunde dy’t ek fernimme dat it krijen fan bern gjin fanselssprekkendheid is.

Beharkje de podcast.

Malou van der Starre (boarne: NTR)

Boarne: NTR

Ien op de fiif froulju kriget gjin bern. Mar 10% hat dêr bewust foar keazen. 10% fan de minsken mei in bernewinsk is echt ûnfruchtber, en de oare 80% is bernleas troch omstannichheden: ‘sosjale ûnfruchtberheid’ sa’t dat yn Nederlân neamd wurdt. Minsken dy’t graach in bern hawwe wolle, mar gjin partner hawwe, minsken dy’t te lang twivele hawwe. Koartsein, it libben hat derfoar soarge dat harren bernewinsk net ferfolle wurdt. In tige relevant ûnderwerp sjoen it tanimmend tal allinnichsteanden yn Nederlân. Mar we hearre en lêze der net folle oer. Malou van der Starre nimt de harker yn har podcast mei yn har persoanlike konfrontaasje mei har (noch) ûnferfolle bernewinsk. In tige iepen, earlik én soms ek ûnearlik ferhaal, dêr’t in protte minsken harsels yn weromkenne sille.

Folge Eitje op instagram/eitjedepodcast.

Eitje is in podcast fan NPO Radio 1 en de NTR, makke troch Malou van der Starre.

Einredaksje: Marion Oskamp
Einmiksaasje: Werner Prost
Titelferske: ‘Kinderwens’ fan de Haachske formaasje Goldband fan harren nije album Betaalbare Romantiek

septimber 17, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.