Edukaasjeprojekt ‘Takomst foar in unyk lânskip’

septimber 1, 2021 13:02

Fan It Fryske Gea

‘Takomst foar in unyk Lânskip’ is in lesprogramma foar de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn noardeastlik Fryslân. By in fjildwurkdei yn de Noardlike Fryske Wâlden learden de bern hoe’t de siedsjes fan in elzebean har ferspriede, wat in elzetuorre yt, watfoar bistkes yn ’e sleat libje en noch folle mear. By it programma heart ek dat de learlingen de behearder helpe by it snoeien fan de elzesingels en houtwâlen.

Moandei 30 augustus 2021 seagen Max de Haan, wethâlder fan Achtkarspelen, en Albert van der Ploeg, foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, hoe’t de learlingen fan de iepenbiere skoalle It Holdersnest út De Harkema by boer Sikkema yn dat plak oan ’e slach giene en holpen se ek mei by it snoeien.

De wethâlder en de foarsitter yn aksje. Foto © It Fryske Gea

Op dy manier belibje yn augustus en septimber sa’n tûzen learlingen fan de heechtse groepen fan de basisskoallen yn it noardeasten fan Fryslân in fjildwurkdei dy’t se net gau ferjitte sille. Op skoalle leare se noch mear oer it lânskip, de Wâldpiken en it bioferskaat.

It lesprogramma belibbet dit jier syn alfde edysje. It is in gearwukingsprojekt fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, Lânskipsbehear Fryslân en de sintra foar Natuer- en Miljeu-edukaasje De Naturij, NME-centrum Pingo & Pet en De Klyster. It is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân, de Postkoadelotterij en de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Smellingerlân, Achtkarspelen en Noardeast-Fryslân.

 

septimber 1, 2021 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.