Earste migranten weromflein nei Haïty

septimber 20, 2021 09:12

De Feriene Steaten binne úteinset mei it tebekstjoeren fan Haïtiaanske migranten dy’t har ûnder in brêge yn Teksas sammele hiene. Snein hawwe der trije flechten west fan San Antonio nei Port-au-Prince, de haadstêd fan Haïti. Dêrmei binne 320 minsken weromflein.

Haïty (kaart: Wikipedia/Vardion – CC BY-SA 3.0)

Hjoed en moarn geane ek fleantugen op wei en fan woansdei ôf stean der alle dagen sân flechten plend, fjouwer nei Port-au-Prince en trije nei Cap-Haïtien. De ôfrûne dagen kamen neffens rûzing 12.000 minsken byinoar ûnder in brêge yn it Amerikaanske grinsplak Del Rio. De measten binne ôfkomstich út Haïty, mar der binne ek migranten út Meksiko, Guatamala, Honduras en El Salvador by. Se berikten de Feriene Steaten troch út it Meksikaanske plak Ciuduad Acuña de grinsrivier oer te stekken. It wetter stiet dêr sa leech, dat de rivier troch te wâdzjen is.

De Feriene Steaten diene earst net folle om de stream minsken tsjin te hâlden, mar no besykje funksjonarissen om foar te kommen dat minsken de rivier noch oerstekke. Besocht wurdt om de flechtlingen yn opfangkampen ûnder te bringen, mar dêr is te min kapasiteit. It ministearje fan Ynlânske Feilichheid kundige earder al oan om minsken dy’t gjin tastimming hawwe foar in ferbliuw yn de FS, fluch útsette te wollen. Minskerjochte-advokaten hawwe krityk, mei’t flechtlingen net by steat steld wurde om asyl oan te freegjen.

septimber 20, 2021 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.