€ 400.000 subsydzje ‘Frysk foar no en letter’

septimber 2, 2021 08:11

De Fryske oerheid wol alle ûnderwiis – fan berne-opfang oant en mei wittenskiplik ûnderwiis – stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Yn it ramt fan ‘Taalplan Frysk 2030’ is der it kommende fearnsjier € 400.000 subsydzje beskikber.

De skoallen kinne fan 13 septimber 2021 ôf in oanfraach dwaan. De subsydzje is ûnder mear bedoeld foar neiskoalling, it oantugen fan ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan leararen dy’t in oplieding Frysk folgje. Yn 2022 sil de regeling wer twa kear iepensteld wurde.

Foar de twadde iepenstelling yn 2021 is de subsydzjeregeling op in oantal punten oanpast. Der is no bygelyks mear romte foar skoallen om in oanfraach te dwaan foar it ynsetten fan learkrêften en dosinten om lesmateriaal te ûntwikkeljen, aktiviteiten foar lêsbefoardering te organisearjen of om mei oare skoallen te netwurkjen.

Yn it projekt Taalplan Frysk 2030 wurdt wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle koallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).

septimber 2, 2021 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.