Drokte by mars tsjin koroanamaatregels yn Amsterdam

septimber 6, 2021 08:50

Yn Amsterdam wie snein in demonstrative tocht fan sân kilometer troch it sintrum fan de stêd. Neffens de gemeente wiene der goed 20.000 dielnimmers. Hja demonstearren ûnder mear tsjin de koroanamaatregels fan it kabinet.

Foto: pixabay.com

Mei de organisaasje wie oarspronklik ôfpraat dat it protest om 15.00 oere hinne einigje soe, mar it rûn út. Wol mocht de tocht ôfmakke wurde fan de gemeente. Om 16.30 oere hinne wiene de measte demonstranten op de Dam oankaam, it einpunt fan it protest. Noch foar it begjin fan de mars liet de gemeente witte dat it yn it sintrum te drok wie en waarden minsken oproppen om har net mear oan te sluten. Neffens in wurdfierder fan de gemeente wie de sfear by de mars gemoedlik.

It biedwurd fan de manifestaasje wie ‘Mei-inoar foar Nederlân’. Inisjatyfnimmer wie Michel Reijinga, dy’t t al ferskate protesten tsjin de koroanamaatregels ûnder de neamer ’kofjedrinken’ op it Museumplein yn de haadstêd organisearre.

Op bylden is te sjen dat demonstranten flaggen, giele paraplu’s en hertsjesballonnen by har droegen. Op protestbuorden wiene biedwurden as ‘QR giet te fier’ en ‘Covidfaksin is fergif’ te lêzen. Under de oanwêzigen wiene Thierry Baudet, lieder fan Forum voor Democratie, en Wybren van Haga, lieder fan Belang van Nederland.

septimber 6, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.