Dei fan Boerinne toant krêft frou op agrarysk bedriuw

septimber 11, 2021 09:08

Al in jiermannich is de twadde sneon fan septimber de Dei fan de Boerinne. Boerinnen yn Nederlân litte aloan mear fan har hearre. Se helpe net mear allinnich harren partner, faak binne se foar in part of folslein eigner fan it bedriuw. “Ik sjoch hieltyd mear jonge fammen dy’t it bedriuw thús oernimme sille, hieltyd mear froulju as selsstannich ûndernimmer en hieltyd mear froulju dy’t folweardich yn ’e maatskip meidraaie. Faak is de frou it semint fan it agrarysk famyljebedriuw, multytasker en tûzenpoat”, seit Willemien Koning, foarsitter Frou & Bedriuw LTO Noard.

Foto: LTO Noard

Boerinnen en túnkersfroulju hawwe gjin baan fan njoggen oant fiif, mar wurkje faak sân dagen yn ’e wike. It binne agrarysk ûndernimsters dy’t moderne famyljebedriuwen liede, goede opliedingen hân hawwe en kwalitatyf heechsteand iten produsearje. Dochs rinne boerinnen der noch te faak tsjinoan dat der net altyd in goed byld is fan harren rol. Se fertsjinje erkenning foar harren wurk en posysje. “Noch fierste faak krije wy de fraach oft de baas ek thús is. Yn it jier 2021 soe dat echt net mear moatte”, seit Willemien Koning.

Petearen mei bedriuwslibben
Boerinnen konstatearje dat sels by de perifery om it agrarysk bedriuw hinne, lykas banken, akkountants en oare kategoryen dy’t by de boeren op it hiem komme, der net altyd in goed byld is fan de rol en wearde fan de frou op it bedriuw. Frou & Bedriuw is dêrom úteinset mei petearen mei ûnderskate brânsorganisaasjes fan beroppen dy’t mei de lânbou te krijen hawwe. It doel is om it byld dat der oer boerinnen is, posityf te kanteljen. De Dei fan de Boerinne is in moai momint om omtinken te freegjen foar de krêft en potinsje dy’t by de froulju op de agraryske bedriuwen oanwêzich is.

Multyfunksjoneel
De boerinnen binne op de takomst rjochte en multy-ynsetber. Der binne in protte boerinnen en túnkersfroulju dy’t in boerecamping, in boerewinkel of deiopfang draaiende hâlde. Der is ek hieltyd mear omtinken foar agrarysk natuerbehear en sleatswâlen mei blommen. Dêr spylje de boerinnnen mei yn op ’e maatskiplike winsken dy’t der libje. “It is goed om al dy boerinnen en túnkersfroulju op dizze dei yn it sintsje te setten. Sy binne tige wichtich foar in moai, leefber en fitaal plattelân en genôch iten foar elkenien”, seit Willemien Koning.

Fryslân
Jantsje de Jong-de Boer is boerinne yn Fryslân en jout oan dat boerinnen ek dêr in wichtige funksje op ’e agraryske bedriuwen ferfolje. “Fryske boerinnen bealgje foar twa, binne faak in tûzenpoat en ek it klankboerd fan harren partner as dy ek boer is. It is goed dat dêr op de Dei fan de Boerinne by stilstien wurdt”, seit Jantsje de Jong-de Boer.

septimber 11, 2021 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.