De Tsien Wurden as groubynten en draachhouten fan de mienskip

septimber 26, 2021 06:53

Oertinking

Foto: Wikimedia Commons/Xemenendura – CC BY-SA 4.0

De famyljepleats dy’t wy bewennen, kriget alle jierren in ynspeksje fan de monumintewacht. Twa man geane dan alles tige sekuer nei. Inkelde jierren lyn seagen se dat de ein fan in groubynt slim ynrotte wie. It koe net lang mear duorje of it draachhout mei dêrop it dak soe ynsakje. Gelokkich koene wy dat krekt foar wêze.
De Tsien Wurden kinne wy sjen as de groubynten en draachhouten fan de maatskippij.
Yn de maatskippij kin it fermôgingsproses ûngemurken trochgean. It giet sa stadichoan. Elkenien docht mar lakonyk en seit dat it wat tafalt. Underwilens woekeret it kwea mar troch. It is sa moai ûnder wurden brocht yn de Hollânske beriming fan Psalm 14:1.

De dwaas zegt in zijn hart: ‘Er is geen God’
en ieder doet wat goed is in zijn ogen.
’t Gebinte van het leven wordt bewogen.

De Tsien Wurden binne oriïntaasjepunten foar noarmen en wearden. Leauwigen moatte dy de maatskippij oanbiede, net as boeien en bannen, mar as stipe en steun.
Wa’t oprjocht mient dat Nederlân yn geastlik opsicht op ’t ynstoarten stiet, dy moat helpe om te restaurearjen.
Richard von Weizsäcker, de sympatike âld-presidint fan Dútslân, beslút syn memoires Vier tijdperken mei in epilooch: ‘Noed stean foar de frijheid’. Dêr skriuwt er yn: “As frijheid it geheim fan de demokrasy is, dan is dat in frijheid fan belutsenens en meiferantwurdlikens. Noed stean foar dy frijheid is, op de grins fan in nije iuw, de útdaging oan ús beskaving en oan de jonge generaasje. (…) God is in hurde wurker, mar Hy wurdt graach holpen!”
Om Him dy help biede te kinnen, ha wy de Tsien Wurden. Ik hoopje dat jo it de dichter fan Psalm 119 neisizze: “Hoe wiid is jo wet!” Hoe aktueel nei trije tûzen jier. God moat der wol yn en efter sitte.

Lêze: Psalm 119:89-96

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 26, 2021 06:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.