De taspraken fan de ‘Wylde Warnsbetinking’

septimber 27, 2021 21:20

Hoewol’t de Jongfryske Mienskip it ien en oar taret hie, mei sels in diske dêr’t tee, kofje en bearenburch omparten waard, waard de Betinking fan de Slach by Warns dit jier yn haadsaak troch guon oanwêzigen op ’e dolle roes stal jûn. Foar wa’t der net by wie, en foar dyen dy’t nochris wat neisjen wolle, hat de redaksje fan It Nijs de taspraken garre.

It diske fan de Jongfryske Mienskip. Foto: It Nijs

De foarnaamste redefiering, fan ien fan de beide foarsitters fan de Jongfryske Mienskip, waard juster al publisearre; sjoch: It ferkearde paad yn it ferline, it goede paad nei de takomst.

Hjirûnder stiet de koarte rede dy’t âld-sjoernalist Kerst Huisman joech:

In jier lyn stie ik hjir ek al mei dit buord. In jier neat opsketten, liket it. Mar ik haw sûnt wol de puntsjes op de i setten. De tiid hâldt gjin skoft. In eigen grûnwet wurdt hieltyd mear nedich. Minsken tinke faken dat wy noch yn de tiid fan Tetman libje. Dat is net sa. Doe koenen Friezen noch sizze: yn Nederlân fiele wy ús thús. Ik haw dat ek wol tocht. Mar it is oer, al jierren. Fansels is dêr de skandalige behanneling fan ús taal. Mar der is mear. Der is fan alles om ús hinne geande, dat net goed wiist. Wy binne yn in wrâldkrisis bedarre. Der komt fan alles op ús ta. Der is sa stadichoan safolle papierjild, in mannichfâld wat der oan echte wearde tsjinoer stiet. It giet om miljarden en miljarden. Nim ICT: aanst hûnderten miljoenen banen fuort. Der is de heftige striid om grûnstoffen, en dêr binne der te min fan. Der binne de geroften fan, en ek echte oarloggen. Noch net hjir, mar dat kin feroarje. ‘’De Haach’’ hat wat dat oangiet elk fertrouwen by my ferlern. Nederlân, hûndert km fierderop, is al te fier hinne. Allinnich wy, Noarderlingen, wy, Friezinnen en Friezen, hawwe noch de mentale krêft om hjiryn noch in kear nei it goede te bringen. Ik stel twa fragen. Mei twaris in útnoegjend andert. Fraach: Wannear moat dit allegearre dan? Andert: As it wêze sil, wêrom net no? Fraach: Wa moat dat dwaan? Andert: Wêrom net ik, wêrom net jimme? Ik beslút mei de âld-Fryske beswarringsformule: Sa scal it wesa, Sa sil it wêze.

Huisman bepraat syn ideeën mei it publyk. Foto: It Nijs

Sjoch foar mear ynformaasje: Fryslân is ta oan in eigen Grûnwet.

De lêste taspraak waard troch Rypke Zeilmakker ymprovisearre en stiet net op papier, mar is wol fêstlein en op Instagram te beharkjen en te besjen: klik hjirre.

septimber 27, 2021 21:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tim septimber 28, 12:43

    Dizze betinking wie folle better as al dy oare jierren. Om my kin it sa wol faker!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.