De sjonger fertelt oer dieren…
Resint ferskynd

Carina Vinke (foto René Seghers)
Moarntemiddei, snein 19 septimber, begjint yn Ljouwert Fokaal Trijelûk. Dat is in searje fan trije konserten ûnder it tema ‘De sjonger fertelt’.
Yn it earste konsert fan dy rige giet it oer bisten. Dan binne twa bekende muzykstikken te hearren: ‘Peter en de wolf’ fan Sergei Prokofiev en ‘Carnaval des animaux’ fan Camille Saint-Saëns. Carina Vinke fertelt en Rixt van der Kooij spilet piano.
Yn it fraachpetear fan Pier Bergsma mei Rixt van der Kooij – publisearre yn it lêst útkommen nûmer fan DE NIJE, siden 58-62 – is folle mear te lêzen oer dizze ferneamde pianiste en har Fokaal Trijelûk, dat dit jier foar de tweintichste kear presintearre wurdt.
It programma is ek tige geskikt foar bern fan sân jier en âlder.
It wurdt jûn yn de Doopsgesinde tsjerke, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
It begjint om 15.00 oere en duorret oant 16.15. Der sit safolle ôfwikseling yn it programma dat it net lang oanfielt.
De koroanaregels jilde, mar lykwols is der plak foar tachtich minsken. Graach reservearje fia info@vocaaldrieluik.nl of via www.harmonie.nl.
Sjoch ek De sjonger fertelt
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje