De Jonge: gjin koroanapas op terras, wol foar húske binnendoar

septimber 21, 2021 08:53

Minsken dy’t op in terras sitte, moatte fan takom wykein ôf harren koroanatagongsbewiis sjen litte as se binnendoar nei it húske wolle. Dat seit demisjonêr minister De Jonge. Neffens him is dat de konsekwinsje fan de winsk fan de Twadde Keamer om de koroanapas net te ferplichtsjen foar terrasbesikers.

Foto: pixabay.com

In Keamermearderheid gie ferline wike akkoart mei de ynfiering fan de koroanapas yn ûnder mear de hoareka. Faksinearre en negatyf teste minsken kinne dêrmei op plakken nei binnen ta dêr’t de oardel meter net jildt. Mar de Keamer twong ôf dat foar terrassen in útsûndering makke wurde soe. De Keamer is derfan oertsjûge dat de koroanagoarre him yn ’e bûtenlucht folle minder ferspriedt.

Diksy njonken de tafels
It kabinet liet fuortdaliks al witte gjin foarstanner te wêzen. Premier Rutte neamde it ûnferstannich om it koroanatagongsbewiis net op it terras jilde te litten. Neffens de premier moatte terrasgasten dochs nei binnen ta foar it húske of om ôf te rekkenjen. “It kin ek begjinne te reinen en dan wol elkenien ynienen deryn”, sei er yn it debat.

De praktyske útwurking kaam doe net oan bod, mar no dus wol. “Wa’t nei it húske ta wol, moat de QR-koade dochs noch sjen litte”, sei De Jonge. De minister droech noch wol in oplossing oan foar hoarekaûndernimmers: “Njonken de terrastafels soene se in diksy delsette kinne.”

septimber 21, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. A.Kramer septimber 25, 10:40

    Net konsekwint. Doe’t fan 25 april oant 3 juny allinne de terassen iepen wiene , en binnendoar net, mochte je wol nei binnen ta foar te beteljen en foar nei it húske.

  2. Cor Jousma septimber 26, 11:57

    Wat my oanbelanget hiene se net frou Keijzer mar dy De Jonge ûntslach oansizze moatten. De jittik dript fan him en syn minister-presidint ôf. En dan mar sizze dat de VVD foar de ûndernimmers opkomt…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.