De earste kristenen en Menno Simons

septimber 19, 2021 07:01 Fernijd

Wat hjiroan foarôfgie: De amish | It Nijs

In programmatyske ynlieding

troch Boaz Harmsen en Eric Hoekstra

De earste kristenen en Menno Simons (Seksje 4)

“Lit dúdlik wêze dat lju dy’t net libje neffens it ûnderwiis fan Kristus, hielendal gjin kristen binne, al ferkundigje se mei de mûle wol syn geboaden.” (Justinus Marteler, likernôch 160 nei Kristus)

Dy útspraak jout moai dúdlik oan hoe’t it kristlik libben der neffens de earste kristenen útsjen moat. Mar wa bedoele wy eins as wy it hawwe oer de earste kristenen? Dat binne de folgelingen en learlingen fan de apostels dy’t noch streekrjocht ûnderwiis hân hiene fan Jezus, en de generaasjes nei harren oant it earste konsily fan Nicea yn 325. Dat konsily jout in wichtich kearpunt yn de skiednis fan it kristendom oan. Keizer Konstantijn hie him krekt bekeard ta it kristendom en besocht, mei sukses, de earste ôfskieding binnen it kristendom foar te wêzen. De kristenen betellen in hege priis foar dy skyn fan ienheid, want dat konsily ferbûn en fermong it kristendom mei de wrâldske machthawwers, mei oansjen en mei jild. De ferbining mei de wrâld hie in folle gruttere negative ynfloed op it kristendom as dat kristenen in positive ynfloed hiene op de goddeleaze en gewelddiedige wrâld om harren hinne. Al gau rekken de kristlike learstellige fûneminten yn it ferjittersboek lykas: geweldleazens, lytsskealigens, ienfâld, nederigens en de ôfkear fan rykdom, jild en macht.

Wa wiene de earste kristenen?

In lytse ynlieding fan guon fan harren is hjir gaadlik, foar’t wy de oerienkomsten útlizze tusken de earste kristenen en de iere dopersken.

Polycarpus, learling fan de apostel Johannes

Polycarpus wie in persoanlike freon en learling fan de apostel Johannes, dy’t him nei alle gedachten ek oansteld hat as biskop fan de gemeente fan Smyrna. As de ‘ingels’ fan de sân gemeenten yn Iepenbiering ferwize nei de bestjoerders fan dy gemeenten, dan is it goed mooglik dat de ‘ingel’ fan de gemeente fan Smyrna gjin oar wie as Polycarpus. Dan is it ek de muoite wurdich en meld op dit plak dat Smyrna ien fan de twa gemeenten wie dy’t yn Iepenbiering fan Jezus gjin beskrobbing krige. Polycarpus is likernôch sa’n 87 jier âld wurden. Hy stoar de martelersdea yn de arena te Rome om 155 hinne.

Ireneüs fan Lyon, in krusjale skeakel mei de apostels

Ien fan Polycarpus syn persoanlike learlingen wie Ireneüs, dy’t nei Gallië (Frankryk) gie om te evangelisearjen. Doe’t yn in rite fan ferheftige ferfolging de bisskop fan de gemeente fan Lyon fermoarde wie, waard Ireneüs syn opfolger. De earste kristenen wiene tige oer him te sprekken. Hy libbe oant nei 200. As in learling fan Polycarpus, dy’t in freon fan de apostel Johannes wie, is Ireneüs in wichtige skeakel foar de earste generaasjes kristenen fan nei de tiid fan de apostels.

Justinus Marteler, in filosoof wurdt evangeeljepreker

Noch by it libben fan Polycarpus begûn in jonge filosoof mei as namme Justinus in spirituele reis op ’e syk nei de wierheid. Op in dei rûn er nei syn fêst plak op in stikje lân mei útsjoch oer de Middellânske See, dêr’t er faak meditearre. Underweis fernaam er dat der in âldman efter him rûn. Mei’t er de rêst en de stilte socht, draaide er him om nei de âld man ta en seach him mei wat argewaasje oan. Mar de âldman bliek in kristen te wêzen en hy stelde Justinus in pear fragen dy’t him oanpoenden ta selsûndersyk om him derby te helpen en lit him de lekken en brekken fan troch minsken makke filosofy ynsjen. Sa’t Justinus sels letter sei: “Doe’t de âldman dit en in protte oare saken mei my bepraat hie, gie er fuort nei’t er my oantrune hie om yn my omgean te litten wat er sein hie. Ik haw him dêrnei nea wer moete, mar dêrmei wie by my in flam yn it hert ûntstutsen. Ik waard oerweldige troch in leafde foar de profeten en foar de freonen fan Kristus. Nei’t ik yn my omgean litten hie wat de âldman sein hie, kaam ik ta de konklúzje dat it kristendom de iennichste wiere en weardefolste filosofy is.”

Nei’t er in kristen wurden wie, hold Justinus dochs de spesifike klean oan dy’t filosofen doedestiids oan hiene, om dêrmei oan te jaan dat er de iennichste wiere filosofy fûn hie. Hy lei him út op it bekearen fan studearre Romeinen en hy lei harren de Bibel út. Syn skreaune brieven oan de Romeinen binne de âldste kristlike wurken, langer as in koarte brief, dy’t ús oerlevere binne. Der kaam in ein oan syn libben doe’t in binde filosofen in komplot tsjin him úttocht en him fêstnimme liet. Hy woe leaver stjerre as Kristus ferleagenje. Hy waard om 165 hinne fermoarde. Nei syn dea stie er bekend as Justinus Marteler.

Klemens fan Aleksandrië (Titus Flavius Klemens), learaar fan nije leauwigen

In oare filosoof dy’t it kristendom fûn op syn spirituele reis, wie Klemens. Nei’t er trochkrige hokke lekken en brekken minsklike filosofy hie, bekearde er him ta it kristendom. Nei syn bekearing reizge er troch it hiele Romeinske Ryk hinne en kaam út ’e earste hân yn ’e kunde mei it kristendom fia de bêste kristlike leararen fan dy tiid. Syn skriften wurde datearre op likernôch 190 en wjerspegelje de wiisheid fan syn leararen. Se hawwe troch de iuwen hinne in protte kristenen ynspirearre lykas de Ingelskman John Wesley.

Tertullianus, foarfjochter fan it kristendom foar de Romeinske wrâld oer

Tertullianus wie bisskop fan de Noard-Afrikaanske gemeenten yn Kartago. Hy wie in bejeftige ferdigener fan it iere kristendom. Hy stiet bekend om ûnderskate moaie útspraken, lykas dizze: “It bloed fan de martelers is it sied fan de kristlike gemeente.” Hy skreau syn wichtichste wurken tusken 190 en 210. Behalve syn ferdigenjende brieven skreau er ek guon koarte brieven om kristenen dy’t finzen sieten, oan te moedigjen en oare kristenen op te roppen om der net mei op te hâlden om ôfskaat en ôfsûndere fan ’e wrâld te libjen.

Syprianus, de rike man dy’t alles oan Jezus Kristus joech

In tsiental jierren nei’t Tertullianus skreau, waard de rike Romein Syprianus, doe’t er fjirtich jier âld wie, bekeard ta it kristendom. As nije bekearling wie Syprianus sa bliid dat er Kristus fûn hie en werberne wie, dat er al syn besit ferkocht en it jild oan de earmen joech. Hy wie bliid dat er fan syn materiële besittingen ferlost wie. Syn wurken befetsje ek in pear fan de meast emosjonele passaazjes dy’t ea oer de werberte skreaun binne.

Syn brieven binne tige weardefol. Se befetsje foaral korrespondinsje mei de biskoppen fan oare gemeenten. Hy skriuwt oer de deistige soargen en problemen yn de kristlike gemeenten. Hy moast in protte fan syn wurk as hoeder temûk dwaan, omdat der by syn libben in ferheftige ferfolging fan kristenen holden waard. As in treflike hoeder joech er al syn krêft en úteinlik ek syn libben foar de keppel dy’t him tabetroud wie. Hy waard finzen nommen en de holle waard him troch de Romeinske autoriteiten ôfslein om it jier 258 hinne.

Trije oerienkomsten fan de earste kristenen mei de iere werdopers

As earste is it dúdlik dat beide groepen kristenen te krijen hiene mei grutte en grouwélige ferfolgingen. Alle apostels fan Jezus, op Johannes nei, stoaren de martelersdea, en ek dêrnei, oant krekt foar it konsily fan Nicea yn 325, waarden se gauris ferheftich ferfolge. In protte earste kristenen stoaren de martelersdea. Dat jildt ek foar de dopersken tusken 1500 en 1700, en by harren kaam de ferfolging fan twa kanten: fan de roomsken en fan de protestanten (en fan de oerheid opstokele troch de tsjerklike bestjoerders). Wat Tertullianus skreaun hie, “It bloed fan de martelers is it sied fan de kristlike gemeente”, bliek ek foar de beweging fan de dopersken wier te wêzen. Al waarden se ferfolge, der kamen hieltyd mear dopersken.

Doe’t de ferfolging fan de iere kristenen ophold, ferdwûnen al gau de karakteristike autentike skaaimerken fan it kristendom. Itselde kin sein wurde oer de dopersken. Doe’t se akseptearre waarden troch de wrâld om har hinne, ferlearen se fluch harren bibelske fûneminten en prinsipen. Krekt as de kristenen fan nei 325, giene de dopersken ‘op’ en ‘mei’ yn de wrâld.

As twadde is libbenswize en libbensstyl krúsjaal. De libbenswize fan sawol de earste kristenen as fan de dopersken wie radikaal oars as de libbensstyl fan de wrâld om harren hinne. Beide groepen libben yn geastlike en faak ek fysike ôfsûndering fan de wrâld. Se hiene folslein oare noarmen en wearden as de wrâld om harren hinne. Se holden har ôfsidich fan de wrâld, krekt as de amish, en bemuoiden har sa min mooglik mei bûtensteanders, útsein om praktyske redenen of om it evangeelje te ferkundigjen. De apostel Paulus skreau al: “Omgong mei ferkeard folk bedjert de goede seden”, of sa’t wy it no sizze soene: “Dêr’tst mei omgiest, wurdst mei besmet.”

De earste kristenen wiene har der goed fan bewust dat de ynwenners fan Gods keninkryk neat te krijen hawwe mei de keninkriken fan dizze wrâld. Dy twa wiene en binne noch altyd inoars tsjinpoalen. In doper sei ris: “Gods keninkryk is as lekker iis. De wrâld is dong. Mjuksje dy beide trochinoar en de dong is itselde bleaun, mar it iis is wei.” Nei Konstantijn is it hearlike iis fan it keninkryk foar it meastepart weirekke yn ’e dong fan ’e wrâld, en sa is it ek gien mei it kristendom yn Nederlân yn it algemien en mei de dopersken yn it bysûnder.

As tredde hiene de earste kristenen en de iere dopersken itselde begryp fan it evangeelje fan Jezus Kristus. David Berçot, in autoriteit op it mêd fan de iere kristenen, skreau dêroer:

“Wol men witte hoe’t de earste kristenen tochten oer in beskaat ûnderwerp, yn de tiid fan de apostels of de earste generaasjes dêrnei? Sykje dan alle passaazjes op oer dat ûnderwerp yn it Nije Testamint. Lês se sa serieus en sa letterlik mooglik, en men komt út by de sjochwize dy’t de earste kristenen yn de praktyk hiene.”

De earste kristenen hiene gjin teologyske seminaarjes of allegear stúdzjemateriaal, se hiene allinnich Gods Wurd. De wurden fan Jezus en syn apostels binne dúdlikernôch en dy foldiene har. Se hiene in relaasje mei God de Heit en mei Jezus Kristus, en dy relaasje feroare har hert en kaam ta utering yn in nij libben besteande út soberens, freedsumens, beskiedenens, freonlikens, meiminsklikens, sêftmoedigens, ensafh. (Galatiërs 5:22).

Allyksa lei it lân derhinne by it meastepart fan de dopersen fan de earste oere. De measten hiene gjin of net folle oplieding hân, en der wie ynearsten ek net folle kennis fan de Skrift, oant Luther en de útfining fan de printparse it mooglik makken foar de minsken en lês de wierheden fan it evangeelje sels. Sûnder de lêst fan teologyske ballêst liezen se de wurden fan Jezus Kristus en brochten se yn ’e praktyk krekt sa’t it der stie, neffens de letter! De feroaring dy’t dat by harren yn it hert tewei brocht, kaam as fansels ek yn har libbenswize ta utering. It Fûnemintboek fan Menno Simons tilt op fan de teksten út de Bibel, dy’t er letterlik útleit en tapast. Rjocht troch see, direkt, serieus en krekt sa’t it der stiet… rjochtsinnich! En dat hiene de earste kristenen foar Menno al krekt sa dien. Al hie Menno Simons mar beheind tagong ta de wurken fan de iere kristenen, it is frappant dat hy en syn doperske tiidgenoaten oer it generaal ta deselde bibelske konklúzjes kamen. Dat jout ús ek moed. As wy sûnder foaropsette ideeën of los fan ús begearten it evangeelje lêze soene, wêr soene wy dan op útkomme? Wat soene ús konklúzjes wêze?

Wy kinne weromgean nei it oarspronklike leauwe fan it apostolyske kristendom en de libbenswize dy’t dêrby heart, troch de wurken fan de earste kristenen en fan de dopersken fan de earste oere, lykas Menno Simons, oprjocht te bestudearjen. De amish en de konservative mennoniten litte ús sjen dat it noch altyd mooglik is en libje sa’t de earste kristenen en de earste dopersken dat diene. Hja libben ôfskaat fan de kweade en goddeleaze wrâld om harren hinne. Wêrom soene wy dat no net mear dwaan kinne?

septimber 19, 2021 07:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wietze van der Werff septimber 23, 04:29

    Mooie serie, zeer gewaardeerd Eric

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.