De amish

septimber 12, 2021 08:00

Wat hjiroan foarôf gie: Menno Simons as rjochtsinnich kristen | It Nijs

In programmatyske ynlieding

troch Boaz Harmsen en Eric Hoekstra

De wiere erfgenamten fan Menno Simons (seksje 3)

Wy hawwe yn it foarige konstatearre dat it frijsinnich kristendom yn it algemien, en it frijsinnich doperdom yn it bysûnder, út noch yn net de erfgenamt is fan de rjochtsinnige lear fan Menno Simons. Frijsinnichheid is no krekt wat Menno fûl en wanhopich bestriidt, likefolle hoe’t it him oppenearret.

Mar wa binne dan de rjochte erfgenamten fan Menno? Dat binne de konservative mennoniten en de amish. Dy drage neffens de letter en neffens de geast de útlis fan Menno fan it Nije Testamint út. Se nimme geweldleazens, wat Jezus foarstie, sa serieus dat se har net tsjin geweldplegers fersette. En krekt sa’t Menno de lju ferjout dy’t syn bruorren en susters, persoanlike freonen en kunde, martelen, ferbaarnden, smoarden of ferdronken, sa preekje en dogge de amish dat allyksa. In man hie in skoft ferlyn in tal amishbern op in legere skoalle gizele, fiif bern deasketten en oaren swier ferwûne en doe hemsels tekoart dien. De amishmienskip naam doe kontakt op mei de mem fan de dieder om genede en ferjouwing oan te bieden. Dat hat in protte yndruk makke yn Amearika, en mear lju berikt as mannige evangelisaasjekampanje. Hjirûnder geane wy fierder yn op ’e gewoanten en tinkwizen fan de amish mei it doel en jou oan hoe’t in praktysk rjochtsinnich kristendom derút sjen kin. Wy hoopje dat it rjochtsinnige kristenen yn oare denominaasjes ek ynspirearje sil.

Foto © Randy Fath op Unsplash

In stilswijend prinsipe fan de amish is dat de fokus net leit op de aktualiteit (media, telefyzje, polityk), mar op de eigen gemeente en de eigen foarming. Se besykje op it foarste plak foar harsels en foar inoar de geboaden fan Jezus yn ’e praktyk te bringen. Dat is al dregernôch. Der is mear as genôch te dwaan yn ’e direkte omjouwing en by de bruorren en susters út de eigen gemeente. De ien hat in siik of handikapt bern, en hat ûnbidige kosten fanwege sûnenssoarch. De gemeentemienskip betellet mei. In krekt troud stel hat gjin hûs. De gemeentelju bouwe mei-inoar in pleats. By in oar is de partner ferstoarn. Yn ’e moannen dêrnei komt der altiten wol in leauwige út de gemeente del by dejinge dy’t allinnich oerbleaun is, om him te treastgjen en mei te libjen. Se hawwe woldiedichheid net útbestege oan dominys, kommisjes of stiftingen.

Fansels, dat freget mear tiid en enerzjy as efkes gau jild oermeitsje nei likefolle wat goed doel, dêr’t minsken baas binne dy’t men net persoanlik ken. Fan harren hat men gjin idee wat se mei jins jild dogge, behalven dat it útjûn wurdt oan it rije salaris fan de direkteur, oan ymmorele reklameburo’s en oan burokrasy. Lit stean dat men wit wat der op it plak fan bestimming mei it jild bart. It ûnderlizzende prinsipe fan amishwoldiedichheid is dat it relasjoneel is. It is wat tusken minsken fan fleis en bloed. It is net wat dat men útbesteegje kin oan stiftingen, organisaasjes, oerheden, ensafh. Want yn de top fan organisaasjes, dêr’t macht en jild har konsintrearje, dêr is Satan baas. It amishprinsipe fan woldiedichheid is dus krekt as it kristendom sels: relasjoneel, fan minske ta minske. Dêrmei litte se de betsjutting sjen fan it Ingelske sprekwurd: Charity begins at home.

In oar prinsipe fan har is: bigness ruins everything, ofwol grutte getallen bedjerre alles. Hoe machtiger oft de top fan in organisaasje is, hoe mear jild oft der om giet, hoe gauwer oft alles rot, korrupt en bedoarn rekket. Wy seine it al, Satan is yn ’e top fan alle organisaasjes en machten oanwêzich. Dêr draait it net mear om lju fan fleis en bloed, mar om belangen, rykdom en macht, en allegear wrâldske wearden dy’t yn Gods keninkryk mijd wurde moatte. De amish wurkje hurd, mar se stribje dernei om genôch te hawwen om fan te bestean. Se binne net ferslaafd oan wurk, it is net sa dat de deale de baas is yn har ekonomy, lykas yn Nederlân.

Mar hoe losse de amish sels dan it probleem op fan macht en autoriteit? Macht bedjert ommers? Wolno, oan it haad fan elke gemeente (maksimaal sa’n 200 lju) stiet yndied in man mei ynfloed, in biskop. Yn de amishkultuer binne geweldleazens en nederigens lykwols foarname wearden. Sadwaande sjogge se biskop te wêzen net as in begearlike baan om status oan te ûntlienen. Krekt oarsom, se sjogge it as in swiere lêst dy’t lijsum en mei berêsting droegen wurde moat. Gjinien hat dan ek de ambysje en wurd biskop. Dat is yn har eagen in ferkearde gedachte. Mar elke amishman wit dat er, yn teory, biskop wurde kin, oft er no wol of net. Dat is in gefolch fan it unike oanstellingsproses. As der in nije biskop komme moat, ferskine de doopte amish ien foar ien yn in keammerke en fertelle oan de âlde biskop wa’t neffens har in gaadlike kandidaat is. Der wurdt byholden troch hoefolle ‘stimmen’ oft elke foardracht stipe wurdt. Kandidaten dy’t troch minder as trije lju foardroegen wurde, falle ôf. It kiezen fan de nije biskop wurdt dêrnei oan it tafal oerlitten, dus oan God. God bepaalt it tafal, want God bepaalt alles. God hat sadwaande in nije biskop beneamd, de nije ‘baas’ fan de gemeente. Der komt dan ek gjin rabberij efterôf fan, der kin ek gjin beskuldiging fan freonepolityk wêze. Op deselde wize kin ek noch in diaken, in assistint, keazen wurden. As in biskop in protte tiid mei it bestjoeren fan de gemeente kwyt is en net mear yn syn eigen ynkommen foarsjen kin, kriget er in beskieden oanfolling út de gemeente, oant er wer genôch hat om fan te bestean. It is dus net in attraktyf ambt, krekt oarsom as by de measte gemeentepredikanten yn Nederlân, dêr’t it ommers rom soppet. Sadwaande is elke amishman yn feite al syn libben reservebiskop of reservediaken.

Se nimme it prysterskip fan alle leauwigen ek serieus. Foarôfgeand oan de preek komme de doopte mannen fan de gemeente byinoar en bepale op it plak sels wa’t aansten preekje sil. Dat betsjut dat elke man foar elke gearkomste in preek ymprovisearje kinne moat. Sadwaande oefenje de amishmannen mei ‘Gelassenheit’ (berêsting), it út hannen jaan fan kontrôle oan God. Oan it begjin fan de preek betsjûget de amishsprekker fan ’e dei dan ek syn nederigens en ûnweardigens om in goede preek te jaan. As se in fêste predikant hawwe soene, soe dy syn stimpel op ’e preek, de gemeente en de lear sette. Sa komme de manlju fan de gemeente allegear wolris oan bar. En omdat se witte dat it mooglik is dat se preekje moatte, riede se it allegear wol goed ta, alle wiken wer. Dat makket de belutsenens by de preek en de tsjinst folle grutter as by it passive publyk yn oare tsjerken. En de froulju en bern libje fansels ek tige mei as heit sprekke moat.

De amish hawwe goed foar it ferstân krige dat kristenen har ôfskiede en ôfskermje moatte fan de westerske kultuer, as se in suver kristlik libben hawwe wolle. Ommers, de westerske kultuer is basearre op it yndividu, op geniet en op de befrediging fan yndividuele begearten, leafst sa fluch mooglik. De amishkultuer is basearre op de mienskip, op de oar en op it rekkening hâlden mei de oar en it akseptearjen fan swierrichheden en lijen as ûnderdiel fan it krús. En wille is wat dat plakhawwe moat by it earjen fan God en dat disipline fanneden is. Sadwaande by de amish gjin sûndige ferdivedaasje: gjin drank, gjin drugs, gjin ytferslaving, gjin make-up, gjin porno, gjin prostitúsje, gjin films (lit stean films mei geweld), gjin seks foar of bûten it houlik, gjin rykdom (gjin jildferslaving, gjin literatuer), gjin teäter, gjin keunst. Literêre en filosofyske oanstriden krije har gerak by it lêzen fan de Bibel of oer de Bibel, yn it preekjen, yn it bidden en soms yn it skriuwen fan stikken út in bibelsk eachweid wei. Keunstsinnige oanstriden krije har gerak yn koaitsjen, yn putsjes, yn it meitsjen fan kwilts en klean, koartsein yn ambacht, of yn it genietsjen fan Gods skepping. Ferlet fan lúkse is der net, want dy behoefte wurdt op alle mooglike wizen bestriden. De amish hawwe mei sukses in kulturele grinswacht ynsteld tusken harsels en de bûtenwrâld. Alles wat de bûtenwrâld produsearret oan ideeën en produkten, wurdt earst bûten de doar holden en mei arguseagen hifke. Pas as it bewiisd hat nuttich of opbouwend en net skealik foar it mienskipslibben te wêzen, wurdt it talitten. Wêrom lizze de amish bygelyks it brûken fan elektrisiteit yn har huzen oan bannen? No, mei elektrisiteit is der op elke keamer ljocht en dan sit de hûshalding net mear byinoar yn ’e wenkeamer, sjonge se gjin lieten mear mei-inoar, prate se minder mei-inoar. Sa wurdt it yndividualisme, dat mienskip en gesin yn ús tiid stikken makke hat, bûten de doar holden. Muzyk harkje, dat wurdt ek mar amperoan talitten, want dan soe de kultuer fan it sels sjongen faai komme te stean. En yndied, gewoane leauwigen yn ‘ús’ tsjerken sjonge net mear mei-inoar, as se ris byinoar komme te jûnpraten. Sels it jûnpraten is al offere op it alter fan telefyzje en ynternet. Troch de ienheid fan tsjerkekultuer ken elkenien by de amish ek deselde lietsjes.

Huzen foar âlden fan dagen? Dy hawwe se net. Pake en beppe wenje yn in lyts húske efter op it hiem. Iensumens? Elk yndividu hat mear as hûndert bruorren en susters. Ferfeling? In goede arbeidsmoraal en ûntspanning op ’e jûn en op snein jouwe harmony en tefredenens. Hoe sjogge se de bûtenwrâld? As in plak dêr’t de waansin fan ’e dei foar master opspilet. Foar yndividuen út de wrâld binne se nederich, fatsoenlik en freonlik. Se sykje gjin bekearlingen. Harren manmachtigens waakst oan, om’t se in protte bern oansette en grutbringe. De auto mije se, want dan soene gemeentelju yn ferlieding komme om net mear ticht byinoar te wenjen. Se meitsje gjin gebrûk fan de bystân, al betelje se der wol belêsting foar. Se sykje sels wurk foar elkenien by har yn ’e mienskip, ek foar handikapte lju en bygelyks lju mei downsyndroom regelje se in noflike wurkomjouwing. Undersyk hat útwiisd dat amishmanlju minder agressyf en minder kompetityf binne as de trochhinne Amerikaanske man. Der is folle minder misdied en minder húslik geweld, in leger selsmoardpersintaazje en der wurdt net rij omsprongen mei de grûnstoffen fan ’e ierde.

Yn ’e puberteit kriget it jongfolk de gelegenheid, as se wolle, om de wrâld yn te gean en te priuwen fan de sûndige bûtenwrâld. Guon komme net mear werom. Mar de measten, likernôch 90%, komme werom en bliuwe libbenslang lid fan de gemeente. In biskop fersuchte ris: “As lju út ’e mienskip stappe, is it earste wat se dogge in auto keapje.” Amish binne net star. As it wier nedich is, hiere se bygelyks in auto mei sjauffeur. De amish sykje foldwaning yn beskieden en troch God tastiene pretten en setten: wille hawwe fan ’e natuer, túnkjen, kuierjen, sjongen, praten, nei de stjerren sjen, nuttich hantwurk dwaan, op in skommelbank de fjilden en de dyk úteagje, yn stilte mei-inoar swije by it skimerjen.

De konservative mennoniten lykje in soad op de amish. Beide groepen jouwe har bygelyks del ûnder in ôfspraak om sobere klean te dragen. Sadwaande kin it yndividu him net boppe syn meiminsken ferheffe op grûn fan djoere of opfallende klean. Wa’t him hâldt oan ’e mienskiplike kar fan klean, jout om sizzen, jout him del ûnder de mienskipsnoarm, dy’t fansels ek bibelsk is. Wa’t sels útmeitsje wol wat er oan hat, ferheft him boppe syn meiminske en jout net om sizzen. De mienskip reagearret op oerhearrigens mei warskôgingen. Dy moatte útdraaie op better hâlden en dragen, of by swiere sûnde, sels op in iepenbiere utering fan berou. As in sûnder ynearsten net om lyk wol, wurdt er mijd, sis mar deaswijd en negearre (it út ’e wei gean). Yn it slimste gefal, as de sûnder ek op de lange termyn net omlyk wol, wurdt er útsletten (de ban), en moat er fuortgean út de mienskip. Dy’t wrâldsk wêze wol, kin ommers mar better út ’e mienskip weigean.

Froulju meie harsels ek net optutsje of mei de lea pronkje, want dan ferheft it yndividu him wer boppe de meiminske. Boppedat is soksoartige pronkerigens in foarm fan idelens en it soe ek noch in ferlieding foar de manlju wêze kinne. In suster dy’t it goed foar hat mei har bruorren, wol harren net de holle op ’e rin jeie. Dêrom bedekke amishfroulju de hiele lea, útsein de hannen en it antlit. It hier bedekke se ek, want dat freget de Bibel ommers fan froulju en wêrom soe men jin net ûnder Gods geboaden dellizze wolle?

Omdat se witte dat de wearden fan ’e wrâld fia it ûnderwiis trochjûn wurde, dogge se de bern net op skoallen fan de oerheid. Se hawwe harren eigen skoallen. Se leare foaral praktyske, nuttige dingen, en as in learling fjirtjin is, hat er neffens harren noarmen genôch ûnderwiis hân. En yndied, yn de westerske maatskippij komt de grutste gekkichheid by studearre minsken wei. In tal amishheiten hat yn ’e finzenis sitten, omdat se perfoarst it ûnderwiis foar de bern binnen de eigen mienskip hâlde woene. Uteinlik hawwe ûnderskate steaten yn Amearika de amish in eigen ûnderwiisregeling tastien. Koartsein, de amish libje as wiere kristenen. It kristendom kringt yn alle aspekten fan harren libben troch, sels yn ’e kar fan klean. Hja binne de wiere erfgenamten fan Menno Simons.

Takomme snein fierder.

septimber 12, 2021 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.