Bûtenmuseum op It Eilân yn de Alde Feanen

septimber 23, 2021 16:04

Fan It FRYSKE GEA

It Fryske Gea hat op It Eilân in tydlike tentoanstelling oer Roelof Horreüs de Haas en syn soan Hans, dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt sieten yn de Alde Feanen (sjoch Bûtenmuseum yn Alde Feanen oer WOII | It Nijs).

Roelof de Haas hat dy tiid moai krekt fêstlein yn oantekeningen en foto’s. Yn de eksposysje oan it Kuierpaad, binne tsien (fergrutte) foto’s te sjen yn in kuier fan ien kilometer. By elke foto is te hearren hoe’t Hans Horreüs de Haas (no 85 jier) alles belibbe hat.

De útstalling is frij tagonklik, mar allinne mei in boat te berikken. Der is ien oanlisplak beskikber (PR50) oan de Janssleat. Sûnt 28 augustus fart It Fryske Gea elke sneon nei It Eilân. De aktuele tiden binne te finen op de aktiviteiteside fan It Fryske Gea.

septimber 23, 2021 16:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.