Bouwe de Boer: Enerzjy yn de hegere regioanen fan Portugal

septimber 18, 2021 07:16

Kollum

De foarige kear skreau ik oer ús ferbliuw yn Portugal en dat we dêr fjouwer moanne bliuwe. Foar in part wurkje we fia Workaway by projekten en fierder dogge we dingen yn frije tiid.

Ik skreau al dat Portugal yn de Europeeske kopgroep sit wat it brûken fan duorsume enerzjy oangiet. Dêr sit fansels in driuw efter. Yn 2020 wie it gebrûk fan duorsume enerzjy 34% fan it totaal. Dat is gâns mear as it lân oan de EU tasein hat. Ut myn artikels yn Portugal (google translate is ús freon) docht bliken dat in wichtige driuw foar it regear te finen is yn it griene imago fan it lân. Portugal set tige yn op de griene toerist. Dy wol miljeufreonlik libje en sa dus ek fakânsje hâlde. Belangrike gasten foar Portugal binne de Ingelsken en de Dútsers. Dy wolle hieltyd mear dy griene fakânsje. Se kinne sizze dat se troch nei Portugal te gean amper CO2 útstjitten hawwe.

Mar hoe kinne se rjocht prate dat se dêr mei it fleantúch hinnegien binne? Ik gean derfan út dat de Portugezen dêr ek oan tocht hawwe, mar dêr haw ik noch neat oer lêzen. We wachsje it ôf. Komme der no krekt nei Portugal fossylfrije flechten? Springt de KLM dêrop yn?

Foto © Bouwe de Boer

It griene stribjen giet benammen fan it lanlik regear út, dat wy krije net it gefoel dat de befolking deryn behelle wurdt. As we oer enerzjy begjinne, dan is de earste reaksje dat it tige djoer is. En dat is ek sa: kostet by ús in kilowattoere 23 sint, yn Portugal ek. De ynkommens binne dêr lykwols noch net de helte fan dy yn Nederlân. De benzine kostet hjir ek € 1,80. It systeem fan wol betelje, mar der is neat te heljen. Mei heljen bedoel ik de nasjonale subsydzjes foar bygelyks sinnepanielen. Der binne hjir ek mar in bytsje minsken dy’t witte dat Portugal as lân bysûnder goed skoart yn Europa. Dêr sjogge se hjir krekt gauris fan op. De kommunikaasje en de grutskens bliuwe sa’t it skynt yn de hegere politike regioanen hingjen.

Dit is nûmer 55 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
septimber 18, 2021 07:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.