Boek oer libben en wurk fan keunstner Koos van der Sloot

septimber 8, 2021 08:41 Fernijd

Takom wike ferskynt by útjouwerij Noordboek in boek oer it libben en wurk fan keunstner Koos van der Sloot.

Boarne: Noordboek

Koos van der Sloot (1953-2018) hat in libben as stêdeboukundige yn Fryslân efter de rêch as er himsels opnij útfynt as keunstner. Fan 2007 oant 2013 makket er romtlik wurk dêr’t it aai en it lânskip fan syn jeugd de ynspiraasje foar leverje. Syn kreaasjes binne sterk symboalysk en faak fertellend. Hy spilet in protte mei de begripen tiid, libben en dea. Geandewei wurdt syn wurk abstrakter, de oardering wurdt liedend. Yn in folgjende faze, fan 2014 oant 2018, meitsje de assemblaazjes mei aaien plak foar boukundige konstruksjes. Dy wurken fange op ienfâldige en tagelyk yngenieuze wize it ferglydzjend deiljocht, mei aaifoarmige skaadgatten as resultaat.

In breed palet oan auteurs tsjut syn wurk út keunsthistoarysk of persoanlik perspektyf wei. De toan is ôfwikseljend esseeïstysk, fertellend of poëtysk. De stim fan de keunstner sels klinkt yn in stikmannich fan syn fersen. It ryk yllustrearre boek lit him dêrtroch lêze as in dokumintêre yn lagen en befettet alle hichtepunten fan it eigensinnige wurk en libben fan Koos van der Sloot.

De útstalling Koos van der Sloot – Kloktiid foarby is fan 4 septimber oant en mei 31 oktober 2021 te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal yn Ljouwert.

ISBN 978 90 5615 810 1 | paperback | 144 pagina’s | € 22,50

Koos van der Sloot is te keap by de boekhandel en fia www.noordboek.nl.

septimber 8, 2021 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.