Blêdmuzyk Nederlânsk Blazers Ensemble no del te heljen

septimber 4, 2021 09:03

Ien fan de dingen dy’t it Nederlânsk Blazers Ensemble sa unyk makket, is dat de blazers alles sels meitsje. Hast elts stik yn de foarstellingen fan it NBE is skreaun of arranzjearre foar syn unike besetting. In earste seleksje fan dy tige fariearre arranzjeminten is no sammele en foar elkenien yn de webwinkel te keap.

Foto: ©Peter Lodder

De blazers krije geregeld de fraach fan (amateur)musisy oft de blêdmuzyk fan it NBE te keap is. Dy musisy krije no de kâns om mei harren eigen ensemble en muzikale freonen de ynspirearjende muzyk fan it NBE sels út te fieren. NBE-Publishing makket it foar elkenien mooglik om NBE-arranzjeminten fan ûnderskate sjenres tsjin lege kosten del te heljen en te spyljen. De earste twa wike kostje de arranzjeminten tsien euro it stik. De blêdmuzyk is te finen op nbe.nl/bladmuziek.

De katalogus sil geregeld útwreide wurde, ûnder mear mei muzyk út de NBE-programma’s, dy’t de blazers dit seizoen spylje sille. Mear ynformaasje oer it nije seizoen is te finen op nbe.nl/programma.

septimber 4, 2021 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.