Binne Mosk: It flot fan de Méduse

septimber 16, 2021 12:00

Ofrûne simmer wie ik yn it Louvre. No’t ik koartlyn de ferskrikkingen op it fleanfjild fan Kabul seach, komt my dat iene skilderij wer yn it sin.

Ien fan ‘e grutste en opfallendste skilderijenp yn it Louvre yn Parys is ‘Le radeau de la Méduse’. It datearret út 1818, it mjit fiif by sân meter en is opmerklik fanwegen syn grouwélich realisme. De Méduse sonk yn 1816 foar de kust fan Afrika mei hûnderten minsken oan board. Op in ymprovisearre flot sieten yn it begjin 147 minsken. Nei twa wike brochten úteinlik 15 it der libben fan ôf. De oaren wiene fan it flot slein of spield. Der barden ferskriklike dingen. Oerlibjen is betiden allinne mooglik troch oaren tekoart te dwaan. De Géricault dokumintearre him wiidweidich, boude it flot nei en besocht yn Parys de lykhuzen. Hy skilderet it momint dat rêding tichtby is, want it flot is sjoen troch in oar skip.

Jean Louis Théodore Géricault, Le radeau de la Méduse (Louvre, Parys, 1818-1819); Wikipedia – publyk domein

Stel dat jo skipbrek lije. Jo binne ien fan ’e lokkigen dy’t plak fynt yn ’e oerbleaune rêdingsboat. Der sitte fyftjin minsken yn. De boat is ûntwurpen foar tsien. As der noch ien by komt, sil de boat sinke. Der driuwe noch wat minsken yn it wetter. De kust is net yn sicht en der is gjin rêding op komst.

De man oan it stjoer nimt in fêst beslút. Nimmen mear yn ’e boat. Op it stuit dat ien besiket yn ‘e boat te klimmen, slacht er him mei in roeiriem op ‘e hannen en raast: “Gean hjirwei, do kinst der net mear by.” Dat giet ien fan ‘e passazjiers te fier. De rest fan ’e groep stipet de posysje fan ’e man oan it roer. Der is mar ien oplossing. “Asto ​​it der net mei iens bist, gean der dan út, dan kin in oar deryn.” Ik lien dit parafrasearre foarbyld oan Paul Cliteurs Rechtsfilosofie, een thematische benadering út 2002.

Us sûchdierekonflikt

In oar foarbyld. Ik bin in leafhawwer fan it wurk fan de Ingelske skriuwer Ian McEwan. Yn syn Enduring love, yn it Nederlânsk ek útkommen as Ziek van liefde, bart yn it begjin in skokkend ûngelok. In leafdespearke sjocht ynienen in hjitte loftballon oankommen dy’t yn problemen is. Troch de wyn wurdt er meilutsen oer de grûn. De ballonfarders besykje derút te kommen. It pearke stoarmet der mei oaren op ôf om de ballon oan de grûn te hâlden troch de touwen te pakken. Dat slagget, mar dan nimt de wyn de ballon wer mei omheech. De helpers hâlde earst noch fêst, mar op in pear meter hichte lit de iene nei de oare los. Ien man hâldt in tou beet, mar falt fan grutte hichte dea op de grûn.

En dan seit McEwan: “Dat is ús sûchdierekonflikt, wat dochst om in oar te rêden en wat dochst om dysels te rêden.” Yn de Nederlânske oersetting: “Dat is ons zoogdierenconflict – wat geef je de anderen en wat houd je zelf… Iemand, zei ik, en toen was er niets meer te winnen om wij te zeggen.”

It is net maklik om te kiezen tusken goed en kwea. Dat betocht ik oer dat fleanfjild en dat skilderij no’t wy foar de safolste kear konfrontearre wurde mei de ferskrikkingen yn Afganistan.

 

septimber 16, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.