Binne Mosk: Druk

septimber 30, 2021 12:00

Wolle jimme begjinne mei sjampanje? Lekker. Ik moat noch ride. Foar my fris, sûnder sitroen. Ferdomme, wat lekker. Spitich datst sa ferstannich bist.

Sa begjint de trailer fan de Oscarwinnende film “Druk” oer alkohol(misbrûk) fan de Deenske regisseur Thomas Vinterberg. It petear fan de fjouwer freonen, alle fjouwer learaar oan in middelbere skoalle, giet  sa fierder:

  • Wat is ferstannich? Der is in Noarske filosoof dy’t seit dat wy berne wurde mei 0,5 promille.
  • In heger promillaazje soe goed wêze foar myn selsbetrouwen.
  • Foar ús allegearre.
  • Ek foar dy.

De freonen nimme de proef op de som en begjinne ûnder skoaltiid te drinken. Earst in lyts bytsje. Letter aloan mear. It hat op skiednislearaar Marten, geweldich spile troch Mads Mikkelsen, in ferbjusterjend geunstige ynfloed. Siet er foarhinne as in sâltsek foar de klasse, mei in slokje op wurdt er kreatyf as nea earder. Koartlyn hie er noch learlingen en âlden fan learlingen op skoalle dy’t tige yn noed sieten oer it kommende eksamen, mar mei drank lit Marten sjen wat er kin. Hy kriget syn selsbetrouwen werom: “Ik haw my yn tiden net sa goed field.” Sels syn houlikslibben wurdt foar in koart skoft wer wat it wie.

De freonen beslute it net by dit eksperimint te litten. Se beginne wat langer wat mear te drinken. Soks kin net goed gean en dat giet it dan ek net. It rint ferskriklik út ’e hân.

Geniet, maar drink met mate.

Vinterberg hat in geweldige film makke. Der sitte hilaryske sênen yn. In aardige fynst is om wrâldlieders oan de drank te sjen. Lykas dy bekende sêne mei in dronken Boris Jeltsin en Bill Clinton. Ek de tragyk fan de alkoholist wurdt toand. Se pisje op bêd, se falle, brekke flessen yn in supermerk en binne by tiden sa dronken as in kroade. Foar Marten rint it út op in skieding en dat is net it slimste wat bart.

Wat ús opfoel oan de film is hoefolle oft dy Denen en dat Deenske libben op it libben yn ús eigen lân liket. Yn Nederlân hat alkohol ek grutte ynfloed op it deistich dwaan en litten. Wy hawwe yn ús rûnte fan freonen en famylje guon dy’t muoite hiene en hawwe om mjitte te hâlden. Want dat is it boadskip fan Vinterberg. Wy sille net de iennigen wêze.

Ik hâld fan in film dy’t goed ôfrint. Dat docht dizze film. Akteur Mads Mikkelsen is yn de slotsêne op dreef, net allinne as akteur, mar ek as dûnser. It wurdt in fleurige boel mei de slagge eineksamenkandidaten. In oanrieder, dizze film. De kommende dagen noch te sjen yn Slieker. Doe’t wy thúskamen hawwe wy der ien op nommen.

septimber 30, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.