Bernewike De Lawei yn ’e hjerstfakânsje

septimber 25, 2021 08:53

De hjerstfakânsje stiet by De Lawei altyd yn it teken fan de Bernewike. Dy sit dit jier ek wer fol mei aardige aktiviteiten. Sa is der in dûnskamp mei it tema ’festival’, binne der ferskate wurkateliers, films fan it Cinekid Festival, prachtige foarstellingen en in hearlik middeismiel foar bern.

Sêne út ‘Poppetje van Papier’ (foto: Erik Franssen, boarne: De Lawei)

KidsAtelier
By it Berne-atelier leart keunstdosinte Amarins de bern alles oer it ympresjonisme. Dy geane sels oan ’e slach mei ferve en meitsje in keunstwurk, dat se nei de tiid meinimme meie. It wurkatelier is op freed 22 oktober fan 10.00 oant 12.00 oere foar 5 o/m 8 jier en 13.00 oant 15.00 oere foar 9+ jier.

Dance Camp
Yn trije dagen wurkje de bern yn ferskate dûnswurkateliers nei in foarstelling ta. De ploech fan Angela van Arendonk makket in ûnferjitlik dûnsspektakel oangeande it tema ‘festival’. Nettsjinsteande tsjinslaggen giet it dûnsjen troch en wurde moaie dingen sichtber. De dûnsateliers binne op 18 en 19 oktober en de einfoarstelling is op 20 oktober. Oanmelde kin oant 8 oktober.

Sêne út ‘Dolfje Weerwolfje’ (foto: Peggy de Haan, boarne De Lawei)

Cinekid Festival
Cinekid is it grutste film- en mediafestival foar alle supernijsgjirrige bern. Mei hast fjirtich lokaasjes troch hiel Nederlân hinne is it festival altyd yn ’e buert, dus ek yn De Lawei. Fan 19 o/m 23 oktober sjogge de bern dêr de moaiste films. De kaartferkeap set op freed 30 septimber om 10.00 oere. Hâld dêrfoar de webside yn ’e gaten.

Wurkatelier papier meitsjen mei Silleke
Wat is no eins papier? Hoe wurdt dat makke? Dat kinne bern by Silleke leare. Tiisdei 19 oktober fan 10.00 oere is it wurkatelier by Silleke.

Sêne út ‘Brandweerman Sam’ (foto: Wim Lanser, boarne: De Lawei)

Foarstellingen
De foarstellingen Brandweerman Sam, Dolfje Weerwolfje, 1,2,3,4 Poppetje van papier en Van Mij stean op it programma. Foarôfgeand oan (hast) eltse foarstelling is der in aardige aktiviteit pland. Lykas nifelje, in spultsje dwaan of ferklaaie. Foar de foarstellingen 1,2,34 Poppetje van papier en Van Mij kin der nifele wurde yn de foyer om 13.00 oere.

Foar mear ynformaasje of it bestellen fan kaarten: www.lawei.nl/kidsweek.

septimber 25, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.