Bernekolleezjes oer ikoanen yn it Frysk Museum

septimber 20, 2021 08:51

Fan ’t hjerst stiet de MuseumJeugdUniversiteit (MJU) yn it teken fan de grutte útstalling Icons. Fan 9 oktober ôf jouwe eksperts fjouwer kolleezjes oer ikoanyske persoanen, spesjaal foar bern. Sa fertelt de boargemaster fan Ljouwert, Sybrand van Haersma Buma, mear oer de moedige steedhâlder Willem Lodewijk.

Foto: Ruben van Vliet

Mar dat is net alles, yn dizze edysje fan de MJU yn it Frysk Museum komme bern alles te witten oer de ikoanyske prinsesse Diana, ek de earste westerske frou yn Japan Titia Bergsma komt oan bod, krekt as de seefarder Peter Stuyvesant. De kolleezjes sette op 9 oktober útein en binne gaadlik foar nijsgjirrige bern fan sân oant trettjin jier. As spesjale aksje meie bern harren bêste freon of freondinne, suske of broerke of buorbern fergees nei de kolleezjerige meinimme.

Oanmelde kin fia de webside fan de MuseumJeugdUniversiteit.

septimber 20, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.