Benzinepriis yn Nederlân hast twa euro

septimber 28, 2021 17:16
Foto: pixabay.com

1,99 euro is de advyspriis foar in mingel Euro 95 op it stuit yn Nederlân. By guon Fryske pompen betelje jo dat ek. De Texaco oan de Haadwei yn Midslân wol dat jild bygelyks hawwe, krekt as de Esso op de Ofslútdyk.

Oalje is djoer en dat fernimme autoriders oan ‘e pomp. In fet oalje kostet mear as tachtich dollar. Der is troch de koroanakrisis minder oalje produsearre en no’t de fraach tanimt, ûntstiet krapte. Boppedat ha guon lannen problemen mei it ferfier. Benammen yn it Feriene Keninkryk hawwe pompstasjons it dreech om op ‘e tiid nije foarrie te krijen.

De prizen lizze yn Nederlân boppedat heech trochdat hjir in protte belesting op brânstoffen sit. Fan de twa euro dy’t men betellet, giet twa tredde part nei de oerheid ta.

septimber 28, 2021 17:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.