Arriva en it Frysk

septimber 26, 2021 07:37

Ynstjoerd

Neffens in berjocht yn de Ljouwerter Krante fan 15 septimber wurdt der yn de nije Wink-treinen fan Arriva gjin Frysk sprutsen. As foarbyld wurdt stasjon Feanwâlden neamd, dat sûnt koart wer útsprutsen wurdt as Veenwouden, in plaknamme dy’t as sadanich offisjeel net mear bestiet sûnt Dantumadiel de plaknammen ferfryske. En dat wylst Arriva inkelde jierren lyn just it oankundigjen fan plaknammen yn de Fryske taal ynfierd hie. Dat wie yn 2018 reden foar de Ried fan de Fryske Beweging om Arriva de saneamde Fear yn ’e broek te stekken. Gjin wûnder dat de Ried sterk teloarsteld is.

Om de proef op de som te nimmen haw ik in kontrôle útfierd yn de Wink-trein op it trajekt Ljouwert – Harns yn de ferwachting dat dêr ek de Fryske nammen wol wer ferfallen wêze soene. Ta myn foldwaning blykt dat net it gefal. Sawol Dronryp, Frjentsjer, Harns as Harns-Haven wurde noch altiten op syn Frysk útsprutsen njonken de Nederlânske nammen. Ik krij de yndruk dat it gefal Feanwâlden in ynsidint is, nei alle gedachten in persoanlike aksje fan in masjinist of kondukteur. Ik freegje my dan ek ôf hoe’t it sit mei de namme De Westereen, wurdt dy no ek omroppen as de eardere namme Zwaagwesteinde?

Yn ’e mande hjirmei soe it faaks wol konsekwint wêze as Arriva ek Fryske plaknammen ynfiert yn bussen. Dêr wurde noch altiten de Hollânske nammen brûkt. Sterker noch, oant begjin dit jier waard yn bussen fia de monitoaren ynformaasje yn it Frysk toand, dat is no wer ferdwûn. Spitich is ek dat Arriva wegeret om de namme Zwarte Haan fan ien fan de nije treinen om te dopen ta de Biltske namme Swarte Haan op fersyk fan de gemeente Waadhoeke.

Hoe dan ek, ik sjoch op dit stuit noch gjin reden om Arriva de Fear út de broek te lûken, mar der is wol plak foar ferbettering.

Jehannes Elzinga (bestjoerslid Ried fan de Fryske Beweging)
Frjentsjer

septimber 26, 2021 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.