ABBA bringt nije plaat út

septimber 3, 2021 12:41

De Sweedske band ABBA hat nei 39 jier in nij album útbrocht. De nûmers ‘I still have faith in you’ en ‘Don’t shut me down’, dy’t der ek op stean, waarden tongersdeitejûn yn Stockholm presintearre. Yn in livestream op YouTube, dy’t wrâldwiid te sjen wie, seagen mear as 200.000 belangstellenden nei de presintaasje.

ABBA yn 1974 (foto: Wikipedia/AVRO – CC BY-SA 3.0)

Fan 5 novimber ôf is de plaat, mei ek in spesjaal krystnûmer, te keap. De band sil ek in rige konserten jaan yn Londen, yn in stadion dat de band spesjaal dêrfoar bouwe lite. De fjouwer bandleden trede dêr net sels op, mar binne te sjen fia libbensechte hologrammen dy’t op in poadium projektearre wurde.

De band hat fiif wike lang dwaande west mei it opnimmen fan de optredens foar de hologrammen. Benny en Björn moasten dêrfoar it burd ôfskeare. 39 jier lyn brochten de leden fan de popgroep, Agnetha (71), Benny (74), Björn (76) en Anni-Frid (75), foar it lêst mei-inoar muzyk út. De band, dy’t earder oan de rinnende bân wrâldhits skoarde lykas ‘Mamma Mia’, ‘Dancing Queen’, ‘The Winner Takes It All’ en ‘Waterloo’, hold der yn 1982 mei op. Mei it lêstneamde nûmer wûn de band yn 1974 it Eurofyzje Sjongfestival.

Nei it útinoarfallen fan de band giene Agnetha en Frida solo fierder en rjochten Benny en Björn har op it skriuwen en komponearjen fan musicals. Yn 2016 besleat de groep om wer gear te wurkjen en sûnt 2018 wurdt der nije muzyk oankundige.

septimber 3, 2021 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.