Aant Mulder: Werom nei de midsiuwen

septimber 7, 2021 07:00

Kollum

It is ferskuorrend om te witten wat der yn de wrâld omgiet. Ik tink dan oan natuerrampen, oan pandemyen en oan oarloggen. De lêste wiken stiet de ferlerne oarloch yn Afganistan sintraal. Alles wat misgean koe, gie mis. Sa liket it alteast. De westlike legers mei Amearika foarop woene dêr nei tweintich jier wol wei. Der wie oerlis mei it Afgaansk regear en der kaam in planning. Ein augustus soene de frjemde legers it lân ferlitten ha. Wa’t ferwachtingen hie fan it Afgaansk regear rekke eins daliks al teloarsteld. It regear koe de âlde fijannen lykas de Taliban en IS net de baas. Yn heech tempo naam de Taliban it lân oer. It regear en it Afgaanske leger hearden we net folle mear fan. De presidint flechte. Nimmen hie ferwachte dat de Taliban yn sa’n koarte tiid wer foar hear en master opslaan soe. It betsjutte dat gâns wat ynwenners en benammen dy, dy’t nau gearwurke hiene mei de westerske machten, sa gau mooglik it lân út woene. It late ta gaoatyske tastannen, benammen op en om it fleanfjild hinne. Politisy wiene op ôfstân ienriedich: it hie oars en better moatten.

Toer Lambertikirche yn Münster. Foto © AM

Wat dêr al of net fan wier is, is min te sizzen. Ien ding is dúdlik, de kommende tiid sille de ynwenners fan Afganistan rekken hâlde moatte mei twa nije en eins al hiele âlde machten: de Taliban en IS. Beide binne islamityske groepen, dy’t wolle dat de minsken de Koran neilibje. Ik begryp dat de Taliban krekt wat mear romte jout as IS, mar it moat fansels allegearre ôfwachte wurde. Men soe hoopje dat nei tweintich jier dochs wol in pear dingen feroare binne. Wy sjogge dêrnei en fernuverje ús. Faak ferjitte we dat ek yn earder tiden yn ús westerske lannen sokke strideraasjes op godstsjinstige grûnen plakhân ha. Wy tinke dan oan de midsiuwen en dêrom lêze we no ek dat Afganistan wer yn de midsiuwen terjochte kommen is. Likegoed lykje godstsjinstige strideraasjes hast fan alle tiden te wêzen. Wat ús lân oanbelanget tinke we net daliks oan de midsiuwen, de tiid dat elkenien gewoan roomsk-katolyk wie, mar oan de 16de en 17de iuw. Doe, en dan benammen yn de Tachtichjierrige Oarloch, feroare dat allegearre. Dat wie ommers de tiid fan de Remonstranten en Contra-Remonstranten mei Arminius en Gomarus as foaroanmannen. De politisy fan dy tiid diene dêroan mei. Sa waard op oanstean fan prins Maurits Johan van Oldenbarnevelt ûnthalze.

It doel fan Philips II wie om alle minsken by deselde roomske tsjerke te hâlden.
Hoe, dat die der eins net ta.

Der binne wol oare en ek wol eardere foarbylden. Yn 1517 kaam Maarten Luther mei syn 95 stellingen yn opstân tsjin de roomsk-katolike tsjerke. Yn Fryslân waard Minne Simens in foarsichtige oanhinger. Dat feroare allegearre doe’t Jan van Geel út namme fan Jan van Leiden, de grutte profeet fan Münster, diskant útkaam. De man preke wraak om de komst fan Kristus mooglik te meitsjen. Hy hie helpers nedich om de stêd Münster foar de werdopers te behâlden. Der kaam in opstân yn Tsjom en it kleaster Blomkamp by Hartwert waard foar in skoftke ynnommen. It joech in hiele strideraasje en it hie in protte deaden fan gefolgen. In pear wike letter barden yn Amsderdam deselde dingen. Lang om let moast Jan van Leiden yn Münster belies jaan. Hy en guon fan syn folgelingen waarden yn koaien oan de tsjerketoer ophongen. It doel fan Philips II wie om alle minsken by deselde roomske tsjerke te hâlden. Hoe, dat die der eins net ta. Midsiuwske tastannen dus!

Utsnee, AM

De strideraasje tusken oerheden en godstsjinstige groepen, dy’t eigen dingen dwaan woene, makken dat party ketters, sa waarden dy lju doedestiden neamd, flechten as it koe. Spanje makke yn it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch de hannel út Nederlânske havens wei ûnmooglik. Dêr foel Emden fansels bûten en dat betsjutte dat dy stêd dêr fertuten fan hie. De hannel en skipfeart giene hieltyd faker fia Emden. It sil dúdlik wêze dat sa’n stêd mei safolle kontakten yn ús lân in gaadlik plak wie om nei ta te flechtsjen. Tûzenen flechtlingen fûnen dêr in nij hinnekommen. It tal ynwenners ferdûbele. Emden waard suver in Hollânske stêd bûten Hollân. Der waard sels Hollânsk praat. Antwerpen is yn deselde tiid in oar foarbyld fan in stêd dêr’t minsken út wei flechten, om’t se bot te lijen hiene fan Spaanske plonderjende troepen. Amsterdam wie ornaris harren doel. Flechtlingen lykje dus ek fan alle tiden te wêzen. Opnij midsiuwske tastannen, mar dan krekt wat letter

It binne samar in pear foarbylden. Fan lanlike regearen en godstsjinstige groepearringen dy’t inoar nei it libben steane. Dat jildt likegoed foar godstsjinstige groepearringen ûnderinoar. It hat in protte deaden koste en op guon plakken en yn guon lannen liket der mar gjin ein oan te kommen. It is maklik om te sizzen dat lannen weromreitsje yn de midsiuwen, mar dat is fansels net sa. Hawar yn earder tiden bleauwen datsoarte fan tastannen beheind ta groepen yn eigen lannen en ta de lannen dêromhinne. Hjoed-de-dei is dat net oars, mar tagelyk binne der no lannen fan om fierrens dy’t eigen doelen mei eigen moderne wapens neistribje. As we wer nei Afganistan sjogge, witte we dat Amearika fuort is en net weromkomt, mar dat tagelyk Ruslân en Sina klearsteane om dat te dwaan wat Amearika al die, mar dan op har wize en mei har belangen. Afganistan liket in oare wrâld, mar wa’t de skiednis in bytsje ken, wit wol better. It soe goed wêze as we de minsken dêr wat mear har eigen dingen dwaan litte kinne soene.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

septimber 7, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.