Aant Mulder: Mei koroana nei de ein
Resint ferskynd
Kollum
As ik it nijs goed begryp, sil ik wat de koroanamaatregels oanbelanget wer omstean leare moatte. De koroana makke dat we ús oan in ferskaat oan maatregels hâlde moasten. De wichtichste koene we alle kearen weroan op it buordsje dêr’t de ferantwurdlike ministers efter stiene, as piktogrammen, lêze: hanwaskje, oardel meter ôfstân hâlde, teste. Dêr kaam as lêste fentilaasje by. Mar der wie mear: yn de earmtakke hoastje, net fûstkje en al hielendal net tútsje, ruten en doarren iepen, mûlekapkes brûke en fansels by klachten thúsbliuwe. It feit dat net op alle plakken en op alle tiden deselde maatregels jilden, makke it aardich yngewikkeld.
Party fan ús ha besocht om har dêr sa goed mooglik oan te hâlden. Wy ek. It betsjutte foar ús dat we net mear op te drokke plakken kamen en dat we minsken op distânsje holden. Dat foel hielendal net ta: net fûstkje, net tútsje en net noflik mei-inoar om ’e tafel sitte. It hat wat ynholden. Wat earst net woe, waard likegoed in gewoante. Wat no in gewoante is, kinne we mar min wer mei ophâlde. Dat falt net iens ta. Wy kinne aanst ein septimber wer gewoan fûstkje en tútsje, neistinoar sitte. Ik sil deroan wenne moatte. Ik wit net iens oft ik dat wol en as ik it al wol oft it my dan wol slagje sil. Fansels, der moat noch mei in pear maatregels rekkene wurde. Mûlekapkes yn it iepenbier ferfier en in bewiis fan koroanasûnens om kafees, restauranten, bioskopen en teäters yn te kinnen, meidwaan te kinnen oan grutte festiviteiten. It betsjut dat we it iene ôfleare en it oare oanleare moatte. Dat wurdt foar my noch in heikarwei, as it al slagget.
Ik hear guon saakkundigen sizzen, dat we it firus net wer kwytreitsje. Dêr bin ik ek bang foar. Ik hie it dêrom net raar fûn om guon maatregels op guon plakken ferplichte te hâlden. Dy maatregels soene ek de foarm fan advizen krije kinne. Besykje by winkels, kantoaren en ynstânsjes rekken te hâlden mei de oardel meter, jou de foarkar oan ôfskerme wurkplakken foar meiwurkers, doch oan fentilaasje, hânwaskjen en sa fierder. Wat soe it hinderje! It makket it foar de minsken dy’t dat firus op ôfstân hâlde wolle aardich makliker. It soe ek gjin kwea kinne en garandearje dat guon dingen ‘koroanaproof’ regele wurde kinne. Dat kinne we lykwols wol ‘wishfull thinking’ neame. Dat wurdt him grif net. De app CoronaCheck sil útkomst bringe moatte. Dy app, dy wurdt foar guon minsken noch in hiel o-heden.
Wy ha ús gewoan ynintsje litten en dêr ha we brieven fan. As der in tredde kear komt, dogge we wer mei. Dy beide brieven ha ik kreas yn in laad lein, by it giele ynintingsboekje, dat we krigen doe ’t we in reis nei Yndonezië makken, en de paspoarten. Ik tocht wol sûnder brieven en app te kinnen. Ik begjin no te begripen dat ik dat wolris hielendal ferkeard ha kin. Wy ha no in pear kear mei de famylje nei in restaurant ta west om dêr gesellich mei-inoar te iten. Dat diene we neffens de jildende regels. Dy kears dat we yn in hotel oernachten diene we dat net oars. Wy ha der foar betelle en as we der mear foar betelje moatte, dan dogge we dat. Dat is lykwols net oan ’e oarder. It kin allegearre gewoan wer, mar we moatte wol mei bewizen fan koroanasûnens komme.
As ik dat doch, komt op it earste skerm
in entûsjast wapperjende Hollânske flagge yn byld.
Ik begryp dat it mei de beide brieven net ta kin. Der moat in QR-koade komme, dêr’t út bliken docht dat ik al of net koroanasûn bin. Ik mei deryn as ik yninte bin, in test dwaan litten ha mei negatyf resultaat of in test ha dêr’t út bliken docht dat ik koroana hân ha. Dat wa’t net mei de kompjûter omgean kin, hat in probleem. Want hoe moat it oars? Hawar, der wurdt ferwiisd nei famylje en freonen of oars de helpdesk dy’t by de CoronaCheck heart. Ik rûs likegoed dat dêr foar de kompûteranalfabeet gjin begjinnensein oan is en regelje alles oars. De koroanasûnens op paper krije, falt perfoast net ta.
De digitale wei is likegoed net folle better. Dan moat de app op de smartphone set wurde. Dy moatte jo al ha en eins ek in lyts bytsje in goedenien. De app kin ophelle wurde yn Google (Play Store) of yn Apple (App Store). Foar wa’t dat faker dien hat is dat net lestich. De app kin iepene en ynfolle wurde. As ik dat doch, komt op it earste skerm in entûsjast wapperjende Hollânske flagge yn byld. Se kinne it net litte! Wêr is de Fryske? Dy Hollânske flagge is net fuort te krijen. As de app folslein ynfolle is, stiet dy flagge lykwols wat lytser en stil yn byld, mar dochs. Hie ’t mar in protter west! It raast ommers oan ’e protters.
As ik in skoftke sykje, sjoch ik dat de app op oare talen ynsteld wurde kin. Dat wurket yn iOS en Android ferskillend. Oer Android wurdt sein dat de taal brûkt wurdt dêr’t de smartphone op ynsteld is. Moai net! Ik ha Microsoft SwiftKey op myn smartfoane stean om alles mar safolle mooglik yn it Frysk regelje te kinnen. Dy ha ik ynsteld op Fries/Frysk en Nederlands. Sa’n app jildt dus nei alle gedachten net foar de koroana-app.
Ik hie al in DigiD-koade, mar oars hie ik mei help fan it BSN-nûmer dat earst regelje moatten. Wat dat oanbelanget is der op papier en digitaal net folle ferskil. Hawar, de frou ek ik kinne der wer tegearre op út. Wat? Dat kin wol mei de hiele famylje! No ja, de app foar de frou noch wol efkes regelje en dan kin it heve. Ik sit noch mei ien fraach: kin de app no wier hielendal net yn it Frysk of sykje ik net goed genôch. Ha jimme it better foarinoar of moatte we fan ús hearre litte om it safier te krijen?
Foar safier ik it wit mei ek nei 24 septimber net fûstke wurde en alhiel net túte. Dit hat Marc Rutte net mei safolle wurde dúdlik makke, mar stiet yn guon kranten en guon sides. Allinne de oardelmeter wurdt weidien. Net al it oare.
(Dat gedoch mei dy Q.R. koades is neat oars as in “soart fan” tichtplicht. Foar in soad is it in poepetoer om der oan te kommen, en ek in poepetoer om iderkear wêr by de teststrjitte te kommen)
Leaver dea as slaef
Ja by ús lizze giele boekje en oare bewizen ek stiif neist inoar yn in laadsje. Net kwytreitsje en set it foar de wissichheid op de foto. Jo hawwe it skielk nedich as bewiis as jo ris fuort wolle, sei de man fan de priklokaasje. Ik ha der mar in kopy fan de QR koades by lein. We sille it mar kwytreitsje…