Aant Mulder: Fierstente folle fuotleasten

septimber 14, 2021 07:00

Kollum

De lêste tiid hearre we hieltyd faker dat minsken it oer ‘footprints’ ha. Dat is Ingelsk. Yn it Hollânsk wurde dat ‘voetprints’ of better sein ‘voetafdrukken’. Yn it Frysk: ‘fuotprinten’. Sa giet it mei wurden foar ynternasjonale begripen. Dat is hjir dus oan ’e oarder. As we prate oer fuotprinten, dan ha we it oer hoe’t we mei de ierde omgeane. Ik moat sizze dat ik my oant no ta yn wurd en betsjutting net bot ferdjippe hie. Dat feroare doe’t ik earne lies dat men jins eigen fuotprint berekkenje kin. Dy berekkeningen binne dan rjochte op de CO2-útstjit. Ik ha besocht de eigen fuotprint te berekkenjen. Dêr aanst mear oer.

Foto © AM

Doe’t ik my dêrmei dwaande hold, betocht ik, dat ‘fuotprint’ wol in kreas Frysk wurd is foar dat nije begryp. Ik kom dat wurdsje tsjin yn de wurdboeken. It is in haadwurd. It betsjut: ‘fuotspoar’, mei as foarbylden: ‘Yn immens fuotprinten gean’ en dus immen neifolgje. As ik dat yn my omgean lit, foldocht it wurdsje ‘fuotprinten’ my wat minder. It hat alle kâns dat it yn dizze betsjutting in ynterferinsje is. Dat der noch in oar wurdsje is, wie ik suver fergetten. Ynienen betocht ik dat we it eartiids gauris oer ‘fuotleasten’ hiene. De omskriuwingen yn de wurdboeken binne dúdlik: ‘model fan in foet dêr’t skuon of learzens neffens foarme wurde of yn- of ôfdruk fan in hân of foet’. Dy lêste betsjutting giet it fansels om: ‘in ôfdruk fan in foet’ en dus moatte we prate fan ‘fuotleasten’. In pear foarbylden fan hoe’t dat wurd brûkt wurde kin: Yn immens fuotleasten gean, Net graach yn immens fuotleasten stean wolle, Earne jins fuotleasten stean ha’. Dúdlik. Ik ha it dus fierder oer ‘fuotleasten’.

De natuer leveret ús in ferskaat oan produkten. Dêr is romte foar nedich. Oars soe de natuer net leverje kinne. Dat leverjen is neat op tsjin, op ynleverjen wol. Hoe sit dat krekt? Foar produksje ha we hektaren lân en wetter nedich, foar iten en drinken, foar produkten, foar ferfier en sa fierder. Wy ha allegearre in stikje fan dy oerflakte nedich. Dat is te mjitten, út te rekkenjen en dat neame we dus de fuotleast. It ideaal is fansels dat de fuotleasten fan ús mei-inoar oerienkomme mei de kapasiteit fan de ierde. Saakkundigen ha berekkene hoe grut oft de fuotleast fan in lân, in húshâlding, in persoan is. It direkt of yndirekt útstjitten fan CO2 foarmet in grut oanpart.

Op ynternet binne gâns fragelisten te finen dy’t troch it ynfoljen dêrfan aardich ynsjoch jouwe yn it ferbrûken fan fuotleasten

Op in wat âlder kaartsje yn de Wikipedia sjoch ik eins daliks wol dat it mei dy fuotleasten op ’e kop ferkeard komt. Foar guon wrâlddielen en lannen wurde tusken de 5 en 10 fuotleasten notearre. Dat binne Noard-Amearika, Australië, Europa en Azie (foar in part). Dy ferbrûke dus te folle fuotleasten. Lannen mei mar 1 fuotleast of sels noch minder komme we tsjin yn wrâlddielen as Súd-Amearika, Afrika en Súdeast Azie. Dy ferskillen binne grut, fierstente grut. Der komt noch by dat it gemiddelden binne. Yn guon lannen binne de ferskillen mei húshâldingen dy’t mear as 10 fuotleasten brûke en oaren, dy’t yn hast deselde streken of wiken tichteby dy iene fuotleast net iens helje dúdlik sichtber. Ien ding is dúdlik: minsken, húshâldingen, streken, lannen en wrâlddielen moatte krewearje om hieltyd tichter by dy iene fuotleast út te kommen.

Foto © AM

It betsjut dat we by ússels, ús eigen húshâlding begjinne moatte. Op ynternet binne gâns fragelisten te finen dy’t troch it ynfoljen dêrfan aardich ynsjoch jouwe yn it ferbrûken fan fuotleasten. Troch de fragen te besjen wurdt al dúdlik wêr’t besparre wurde kin en wêr net. Ik ha foar dizze gelegenheid ek sokke fragelistkes ynfolle. De útkomsten binne nijsgjirrich. It wurdt gau dúdlik dat it hiel globale fragen binne dy’t dus ek globale antwurden opsmite. Ut in Belgyske fragelist wurdt my dúdlik dat in fuotleast fan 1,8 hektare de noarm wêze moatte soe. De Belgen sitte op in gemiddelde fan 7,09. Dat is dúdlik te heech! Dêr sitte de Nederlanners mei 6,18 net fier fan ôf. Ik skoar op dy fragelist 5,85. Net goed, mar it hie minder kinnen. De fragen en de antwurden meitsje dúdlik wêr’t it oars en better kinne soe. Iten en wize fan libjen soene omleech moatte (sifers: Living Planet Rapport 2012).

Ik lês hieltyd dat persoanlike skoares berekkene wurde kinne. Dat falt ôf. It hinget ôf fan de fragen dy’t steld wurde. Dat binne hieltyd wer oare. It hinget ek ôf fan de antwurden dy’t jûn wurde en dy ferskille ek samar. Yn ûndersiken kom ik ek hieltyd wer oare getallen tsjin. De rjochting is faak wol dúdlik, mar dat is my eins te min. Wat soe it moai wêze as elkenien besjen kinne soe hoefolle fuotleasten oft hy of sy brûke mei en hoefolle oft dat der te folle of te min binne. Wa’t te folle brûkt soe oanjaan moatte hoe’t it better kin en dat dan ek dwaan. Wat foar persoanen jildt, soe ek foar lannen jilde moatte.

Ien ding is dúdlik: yn in lân as uzes falt dat net ta. As elkenien docht wat wy dogge, dan brûke we 3,3 kear de ierde (boarne fan dizze ferlikingen: WWF). As elkenien myn foarbyld folget komme we op 2,5 kear út. Noch twa foarbylden. Yn de Feriene Steaten is it dan 4,8 en yn Kenia 0,6. Dat we dêr wat oan dwaan moatte is wol dúdlik. Der moat yn ’t foarste plak mear en bettere ynformaasje komme. Sifers dy’t goed ferlike wurde kinne. Der soe tafersjoch komme moatte, folle net genôch. Sa besjoen hat de stikstofproblematyk net folle om ’e hakken. It wurdt tiid dat we inoars fuotleasten foar earnst nimme, dat we yn inoars fuotleasten geane, hoewol’t we dat net graach wolle, mar wêrom soe de iene folle mear rjochten ha en op folle gruttere foet libje meie as in oar?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 11 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 14, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.