Aant Mulder: As in lús op in tarre presinning
Resint ferskynd
Kollum
Dy útdrukking komt my de lêste wiken gauris yn ’t sin as ik op de telefyzje sjoch hoe’t it yn it Haachske om en ta giet. Foar wa’t de útdrukking net bekend foarkomt: ‘Eine as in lús op in tarre presinning’ betsjut dat dingen foar gjin meter opsjitte. Ik sil de útdrukking noch efkes fierder útlizze. In presinning is in soarte fan seildoek dat de skippers eartiids oer de lûken lutsen om it sa binnenyn in bytsje drûch te hâlden. Dy presinning allinne wie net genôch. Troch dat doek te tarjen, rekken de gatsjes ticht en waard it doel fan de skipper om de boel drûch te hâlden wol aardich berikt. Ik nim oan dat we allegearre noch wol witte wat tarre is. Ik ha alteast yn myn jongesjierren en letter ek noch wol aardich wat planken, hikken en stekken tarre. No wurdt dat eins net mear dien, om’t net alle tarresoarten langer noch brûkt wurde meie. Set op sa’n tarre presinning in lús en we witte daliks wol dat der gjin gong yn komt.

Foto AM
De formaasjeferhalen meitsje dat dy siswize my no suver efkes foaroan yn ’e mûle leit. De lju dy’t foar in nij regear soargje moatte, binne sa stadichoan in healjier ûnderweis. Ik tink as âld skoalmaster wolris dat it krekt bern binne. Dy binne der ek goed yn: “As hy meidocht, doch ik net mei”, of “Ik wol net mei him/har yn itselde groepke sitte.” De skoalmasters en -juffers besochten om in ferskaat oan redenen – en dat dogge se no grif ek noch – om soks dochs foarinoar te krijen. As de weagen heger giene, kamen de âlden ek gauris yn byld. Hast altyd waarden de hakken dan yn ’e grûn slein en waard it foar de ‘formearjende’ juffer of master in hiele put. Inkeldris bleau der net in oare mooglikheid oer as begjin opnij. De wurden ‘juffer/master’ en ‘opnij begjinne’ kinne suver wol ferfongen wurde troch ‘formateur’ en ‘nije ferkiezingen’.
Sa giet it ommers yn De Haach ek sawat om en ta. It is dúdlik dat seis partijen alle seis apart wol oan it regear meidwaan wolle, mar dan wol mei de eigen freonen. Dêr tinke se mei har seizen gelyk oer. De freonen binne se it lykwols net oer iens. Dat feroaret ek net. Dat feroaret benammen net mear no’t alle heiten en memmen (de kiezers dus) dêr ûnderwilens wol wat fan sein ha. Sokke stege hâldingen binne ek de skoaljuffers en -masters/formateurs dregernôch. We ha der al in pear foarbykommen sjoen. En ûnderwilens boartsje se fierder sa’t se fjouwer jier ferlyn begûn binne. Demisjonêr of net, it liket net dat it wat útmakket. Kabinetsleden dy’t troch moasjes en oare banen ôfgiene, rêde se sels wol mei. En sa wurdt it dan Prinsjesdag.
Earme man! Hy wit it ek net mear! Hy kriget hieltyd mear tekst foarlein, dêr’t hieltyd minder yn stiet.
Yn myn eagen soe it op dit stuit gean moatte om in kabinet dat ree is om foar in hiel nij jier en langer mei goede plannen te kommen. Foar myn gefoel komt dêr no mei in demisjonêr kabinet net folle fan op ’e hispel. Dat begjint al mei de ministers, dêr’t ik hieltyd minder fan ken en jimme grif ek. Demisjonêre ministers geane ôf en dêrfoar yn it plak wurde oaren wer demisjonêr beneamd. Se komme nei de Nieuwe Kerk ta om kening Willem-Alexander fertelle te litten wat de plannen foar ’t kommende jier binne. Earme man! Hy wit it ek net mear! Hy kriget hieltyd mear tekst foarlein, dêr’t hieltyd minder yn stiet. Diskear duorre it foarlêzen fan de troanrede goed tweintich minuten. Gjin wûnder dat er him in tal kearen fersinde. Likegoed levere er in prestaasje fan komsa! Doch it him mar ris nei. Skriuw dochs in koarte heldere tekst mei dúdlike plannen! Mar ja, wa’t neat te sizzen hat, hat in protte tekst nedich. Sa giet dat wol faker.

Foto AM
In wike lang die it âlde regear krekt as soe it it nije regear wêze. Dy wike hie elkenien it drok mei miljoenenota en algemiene skôgingen. Se hiene efkes gjin tiid om te boartsjen. Moandei 27 septimber kamen de dielnimmers oan it wykeinskoalreiske nei de Hilversumske heide fan in wike earder yn in soarte fan reüny wer byinoar. De kâns fan opnij begjinnen bestiet noch en is sels wat grutter wurden.
Soe it lykwols net slagje, dan soe it goed wêze en hâld earst mar gewoane skoalreiskes fan in dei. De wrâld is grutter as De Haach. It soe goed wêze om te sjen hoe’t it lân derhinne leit en oft der wat oan dien wurde kin. Foarbylden genôch: Ternaard is sa’n foarbyld. Ik tink oan de gaswinning, mar ek oan de kabels troch Skiermûntseach hinne, de dyk om Peazens-Moddergat, de gasboarringen of HoIwert oan See. Minister Blok sil stikem wol om dy pear minsken op ’e dyk lake ha. Dat binne se yn de Rânestêd wol oars wend. Der binne út dy omkriten wei grif ek net folle brieven oan de formateur stjoerd. Dat jildt nei alle gedachten ek foar oare úthoeken. Dêrom soene se yn in soarte fan skou nei alle tolve provinsjes ta moatte om te besjen wat der yn it regearakkoart komme moat te stean. Dêr sille grif wol in pear dingen wêze, dêr’t se it oer iens wurde. De partijen dy’t it oer de measte dingen iens wurde kinne, kinne dan in nij regear foarmje. Underwerpen dêr’t se it net oer iens wurde, moatte weromjûn wurde oan de provinsje. Dat soe samar it begjin wurde fan in nije Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden. Ik wit wol, dat wie ek in spultsje fan op syn alve-en-tritichst, mar alles is better as wat der no bart, want no eint it likegoed as de man yn de moanne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje