77 bedriuwen ûndertekenje nij Bangladesh-kleanakkoart

septimber 1, 2021 19:44

It nije Bangladesh-akkoart oer it feilich produsearjen fan klean is oant no ta troch 77 bedriuwen ûndertekene. Ferline wike waard bekend dat de oerienkomst mei Bangladesh mei twa jier ferlinge is. Bedriuwen kinne har der opnij by oanslute. Nederlânske merken as Zeeman, WE, Hema en ynternasjonale bedriuwen as Puma, Inditex en Asos hawwe dat al dien.

Rana Plaza yn 2013 (foto: Wikipedia/Sharat Chowdhurry – CC BY 2.5)

It foarige akkoart wie troch sa’n 200 bedriuwen ûndertekene. Hast alle grutte bedriuwen út it foarige akkoart hawwe dit nije ek ûndertekene. Mei’t pas ferline wike it akkoart ferlinge waard, hawwe noch net alle bedriuwen de tiid hân om har oan te sluten. Nei alle gedachten sille de kommende wiken mear bedriuwen har deroan ferbine.

It akkoart, offisjeel it International Accord for Health and Safety in the Textile and Garment Industry, befettet juridysk binende ôfspraken foar kleanmerken oer it ferbetterjen fan brân- en boufeilichheid yn kleanfabriken. Sa binne ôfnimmers ferplichte om fabriken ynspektearje te litten en om eventuele ferbetteringen troch te fieren.

Sûnt 2013 binne yn it ramt fan it Bangladesh-akkoart 2237 fabriken yn it Aziatyske lân ynspektearre en is 93 persint fan de konstatearre feilichheidsbrekmen oplost. 201 fabriken binne útsletten fan produksje foar de oansletten ôfnimmers fan de klean mei’t se ferbetteringen net op ’e tiid trochfierden. Yn de ynspektearre fabriken wurken sa’n twa miljoen fan de fjouwer miljoen tekstylarbeiders yn Bangladesh.

It nije akkoart moat ek foar oare lannen lykas Pakistan, Fietnam en Yndia jilde. Yn 2013 kaam it Bangladesh-akkoart ta stân nei oanlieding fan de ramp by it Rana Plaza-kleanfabryk. Dat fabryk mei acht ferdjippingen stoarte yn, mei goed 1100 deaden en 2500 ferwûne minsken as gefolch.

septimber 1, 2021 19:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.