31 stellingen op doar Bonifatiustsjerke Dokkum

septimber 27, 2021 07:43

Foto: Stichting Behâld Bonifatiustsjerke foar Dokkum

By wize fan knypeach nei de 95 stellingen dy’t Martin Luther yn 1517 op de doar fan de Slotkapel fan Wittenberg spikere, hat Gemeentebelangen Noardeast Fryslan ôfrûne sneon 31 stellingen op de doar fan de Bonifatiustsjerke fan Dokkum slein. Dêrmei ferklearret dy partij him tsjin de plannen fan it gemeentebestjoer, dat in nije riedseal bouwe wol, wylst der in oanbod fan de stichting Behâld Bonifatiustsjerke foar Dokkum leit om de riedseal yn de tsjerke ûnder te bringen.

De stichting wol njonken de riedseal in ‘Bonifatius-experience’ yn de tsjerke realisearje, in permaninte eksposysje mei ljocht en lûd, dy’t as hjoeddeiske toeristyske attraksje belangryk wêze sil foar it Dokkumer stedshert. Dat plan is neffens de stichting goedkeaper as it bouwen fan in nije riedseal. It gemeentebestjoer sjocht dat oars. Dat giet fan ûngelikense ôfskriuwterminen út, wat meibringt dat it plan fan de stichting djoerder útkomt as syn eigen plan.

Gemeentebelangen en stichting roppe it gemeentebestjoer en it parochybestjoer op om mei-inoar gear te wurkjen en Dokkum de moaiste riedseal fan it lân te jaan. Dêrmei sil de histoarykse betsjutting fan Bonifatius foar Dokkum foar de kommende generaasjes garandearre wurde. De stichting biedt oan om in foar alle partijen akseptabele foarm fan finansiering te finen.

septimber 27, 2021 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.