11 en 12 septimber feestlik iepeningswykein kultuerhistoarysk sintrum De Tiid

septimber 5, 2021 08:48

Boalsert, hert fan de alve Fryske stêden, is in prachtich duorsum en multyfunksjoneel gebou riker. Tanksij de restauraasje, ferbouwing en werbestimming fan it monumintale stedhûskompleks, yn kombinaasje mei de efterlizzende nijbou, ûntstie kultuerhistoarysk sintrum De Tiid.

Bysûndere skiednis
Hûs fan ferhalen Museum De Tiid fertelt oer de bysûndere skiednis en identiteit fan de oerâlde regio. Yn de sealen fan it monumintale stedhûskompleks komt it ferline ta libben yn bysûndere kolleksjepresintaasjes en opmerklike kaaifigueren lykas Titus Brandsma, Gysbert Japicx en Trijntje Hilarides.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

“Yn de nije fêste presintaasje krije de besikers dilemma’s foarlein yn ferbân mei dy mienskiplike skiednis. Hoe sjogge hjoeddeiske Súdfriezen nei harren histoarje? Wie Grutte Pier no in rêder of in rôver? Fierder komme se fan alles te witten oer ien fan de moaiste stedhuzen fan Nederlân en is harren besite net folslein sûnder it besichtigjen fan de ferneamde toer”, seit direkteur-bestjoerder Pascal Arts.

Yn de biblioteek is Tomke, draacht Aggie van der Meer it gedicht ‘De Tiid’ foar en is der in útstalling oer hûndert jier biblioteek Boalsert. Fan happy stones-wurkatelier oant poëzij-jukebox. Sjoch op www.detiid.nl/opening foar it hiele programma.

Belibje De Tiid
Elkenien is fan herte wolkom yn it museum, it argyf, de biblioteek en om de rest fan it gebou te ûndergean. Dat kin op sneon 11 en snein 12 septimber 2021, yn it offisjele iepeningswykein. Yn ferbân mei it maksimum tal tastiene gasten is oanmelde ferplichte. Oanmelde kin op www.detiid.nl/opening.

septimber 5, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anonym septimber 5, 09:29

    Stel ik der belang yn as ik kom of haw ik der niget oan? Ik bin earder in ‘nigethawwer’ as in ‘belangstellende’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.