Yn ’e Brette Hoanne (ferhaal)

augustus 28, 2021 08:00

Folksferhaal

Kastleins brûkten foarhinne de taapkeamer wol gewoan as wenkeamer. Dêr siet de húshâlding, dêr hong de itenspot oer en dêr ieten se. By Biesterbos yn ’e Brette Hoanne, it herberchje oan ’e Tsjûkemar by de yngong fan de Lemster Rien, hat dat noch lange jierren sa west.
Mar doe hie de kastlein der in soad hinder fan, dat as er in pot mei fleis stean hie en se wiene der efkes by wei, dat de klanten dêrfan slynden. Dat wie dêr suver in aardichheid, in sport, foar harren. As de kastleinshúshâlding dan ite soe, wie de fleispanne leech pluze.

Dêr hie de kastlein syn nocht fan. En doe op in kear stoar de âld kat. Hy makke him krekt sa ta as in hazze en goaide him yn ’e panne. Njonkelytsen rûkte dy kat aardich lekker. De kastlein gie derút en bleau mei opsetsin wat lang wei.

Doe’t er weromkaam, wie de kat fan ’e bonken. Hy seach yn ’e panne.
“Hoe is ’t, mannen,” frege er oan de de boeren, “hat it jim in bytsje smakke?”
Wat moasten se antwurdzje?
“No ja”, grommelen se sawat gnyskjendewei.
“Ja”, sei er, “in kat smakket noch wol goed.”
De mannen spuiden as ielreagers.

Ype Poortinga

Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.
augustus 28, 2021 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.