Yn 2022 grutte eksposysje oer it Grinzer Untset

augustus 28, 2021 10:53

Takom jier organisearret it Grinzer Museum in grutte útstalling oer it Grinzer Untset mei portretten fan haadrolspilers, skilderijen en tekeningen fan it belis en folle mear. De eksposysje sil fan 23 april o/m 25 septimber 2022 te sjen wêze.

Bernhard von Galen, kening-biskop fan Münster troch Wolfgang Heimbach (boarne: Grinzer Museum)

Utsein eigen besit fan Grinzer Museum en Grinzer argiven binne der bysûndere stikken út it besit fan de oanfaller de kening-biskop Bernard von Galen fan Münster sels, lykas tsjerklik sulver, syn reisklean, syn boarstkrús, syn servys en in kanon út syn besit. Bysûnder is ek in grutte seleksje sulveren oantinkenspinningen. It barren fan it rampjier hat in bliuwend plak op ’e Grinzer kalinder krigen. It wurdt alle jierren yn augustus noch betocht en dy jierlikse feestlikheden sille ek omtinken yn ’e eksposysje krije.

Grinzer Untset
Yn it rampjier 1672 waard Nederlân op see oanfallen troch Ingelân. Súd-Nederlân waard oanfallen troch Frankryk, wylst East- en Noard-Nederlân bestoarme waarden troch de kening-biskoppen fan Keulen en Münster. De lêste, Bernhard von Galen, hie yn 1665 ek al in ynfal yn East- en Noard-Nederlân dien. Ynearsten wie syn opmars in grut sukses. Sunder in protte tsjinstân waard Oerisel ferovere. De measte stêden joegen har al gau oer. De fêsting Coevorden, de tagong ta Drinte, foel ek.

De folgjende bút wie de stêd Grins, mar stêd en provinsje hiene by it tichterby kommen fan de izerfretter, bekend ûnder de namme Bommen Berend, harren ûnderlinge skeel stillein en yn ’e persoan fan Karel Rabenhaupt in kundich generaal oanlutsen. Rap waarden grutte parten fan de provinsje ûnder wetter set, it sjitfjild foar de stêd frijmakke fan huzen en beammen en de stêd taret op in belis. By it Damster- en Reitdjip lâns waarden sluzen iepenset en diken trochstutsen en dêrtroch ûntstie de Grinzer Wetterliny. De stêd waard in taflechtoard foar Drinten. It slagge Van Galen net om Bourtange yn hannen te krijen tanksij in stânfêstige kommandant Prott, mar fia de omwei Nieuweschans koe er East-Grinslân ynfalle. Westerkertier foel ek yn syn hannen, mar nettsjinsteande ferskate gefjochten bleau de Grinzer Wetterliny oerein, en hold de stêd stân.

It belis foar de stêd begûn op 29 juny 1672. Oan ’e súdkant waarden twa stelsels fan rinfuorgen oanlein om tichby de stêd te kommen. Slimme bombardeminten ferrinnewearren in flink part fan de súdlike helte fan de stêd, oeral fleagen gleone kûgels, mar der waard krêftdiedich werom sketten. Om’t de wetterliny yn stân bleau, bleau oanfier út Fryslân fan troepen, munysje en jild oer it Reitdjip mooglik. Der wie gjin gebrek oan iten en yn de noardlike helte fan de stêd foel amper in bom. De troepen fan de bisskop rekken demotivearre, syn jild rekke op en op 28 augustus die bliken dat de fijân it belis opjûn hie. It Grinzer Untset wie it earste kearpunt yn it rampjier: Grins Konstant, behâld fan it lân.

Rampjierbetinking
De eksposysje is ûnderdiel fan de Grinzer Manifestaasje GO 350 en fan de lanlike betinking fan it rampjier 1672. Yn 2022 is it 350 jier lyn dat it selsstannich bestean fan de Republyk op it spul stie. De tastân like hopeleas. ‘It folk wie redeleas, it regear riedeleas en it lân rêdeleas.’ Yn in jier tiid waard de situaasje lykwols omdraaid. It folk kaam by sinnen, it regear fierder ûnder stedhâlder Willem III in ferstannich belied en de Republyk waard rêden. Koartsein: 1672 wie in wetterskieding yn de Nederlânske skiednis, mei wichtige en oant hjoed-de-dei net te missen lessen. Oer frijheid en wat dy kostet en bringt.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.rampjaarherdenking.nl.

augustus 28, 2021 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.