Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 13 o/m 19 augustus 2021

augustus 22, 2021 08:52

It tal nije koroanabesmettingen gie yn Fryslân gie justjes omheech: fan 529 yn de foarige wike nei 542.

De stiging siet yn de groep 4- oant 12-jierrigen (22 foarige wike, 37 dizze wike) en yn de groep 50- oant 60-jierrigen (38 foarige wike, 52 dizze wike). Under de 70-plussers wiene 28 positive testen. Yn de Fryske sikehuzen lizze no 9 koroanapasjinten op de COVID-ôfdielingen en seis op de IC.

Yn de âldereinsoarch giet it tal besmettingen ek omheech: fan de 38 positive testen gie it by 25 om bewenners. In wike earder wiene dêr 23 besmettingen (13 bewenners).
Yn de thússoarch wiene 7 besmettingen (1 kliïnt); de wyks dêrfoar ek 7 en doe wiene dêr 5 kliïnten by

De gemeentlike besmettingssifers (tusken heakjes foarige wike)
Ljouwert 96 (117), De Fryske Marren 80 (46), Súdwest-Fryslân 66 (71), Smellingerlân 42 (38), Noardeast-Fryslân 38 (45), Achtkarspelen 38 (14), Tytsjerksteradiel 35 (45), It Hearrenfean 32 (33), Waadhoeke 29 (25), Dantumadiel 28 (12), Opsterlân 26 (24), Weststellingwerf 21 (12), Eaststellingwerf 12 (16), Harns 7 (11), Skylge 4 (3), It Amelân 1 (2), Flylân 0 (2) en Skiermûntseach 0 (0).

augustus 22, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.