Wrâldkampioenskip Frysk damjen mei libbensgrutte damhoutsjes

augustus 4, 2021 18:48

Libbensgrutte keunststoffene ponys binne de swarte damhoutsjes. De witen binne like grutte skiep. It damboerd is makke fan pallets. It wrâldkampioenskip Frysk damjen docht alles wat grutter as oars. Marten Walinga en Folkert Groenveld damje op 10 augustus yn Harns tsjininoar om de kriich te iepenjen.

Allinne de iepeningskriich is nammers sa grut. De wedstriden dêrnei wurde op gewoane buorden spile. Alve dagen lang damje minsken om ‘e wrâldtitel. It spul dat hja spylje hjit ‘Frysk damjen’, ‘FRYSK!’ en yn it Ingelsk ‘Frisian draughts’. It is in ferzje fan it damspul mei mar fiif houtsjes fan elke kleur.

Mear ynformaasje oer it kampioenskip is yn de Ingelske taal te finen op it webstee www.frisiandraughts.com.

augustus 4, 2021 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.