Wittenskippers: it minskdom hat it klimaat ferrinnewearre

augustus 9, 2021 12:32
Foto: NASA

It klimaat op ierde is yn twatûzen jier tiid sa hurd net feroare as tsjintwurdich it gefal is. De klimaatferoaring is hast net mear te kearen, of der moat hurd yngrypt wurde. Dat is it boadskip fan in nij wittenskiplik ûndersyksferslach fan it IPCC, de klimaatorganisaasje fan de Feriene Naasjes. Der hawwe hûnderten wittenskippers út 66 lannen oan meiskreaun.

It waar wurdt troch minsklik yngripen ekstremer: kâldere winters, waarmere simmers, drûgere of krekt folle wietere riten, swierdere stoarmen, teien fan iis op ‘e Noardpoal: it lykwicht is fuort.

Troch de yndustry en it ferfier is de ierde yn de ôfrûne twa iuwen al in graad waarmer wurden. Sels as it slagget om folle minder koaldiokside en oare broeikasgassen út te stjitten, sil dy opwaarming noch tsientallen jierren trochgean.

Foar Fryslân is tige wichtich om te witten dat de seespegel stiicht. Dat giet aloan hurder en it is de fraach oft de besteande ynfrastruktuer it opkommende wetter noch lang baas kin. Sûnder maatregels sil de seespegel neffens de wittenskippers de kommende iuw op syn minst fiif meter omheech gean en miskien wol fyftjin meter.

FN-sekretaris Antonio Guterres seit op basis fan it ûndersyk dat der hurd in ein komme moat oan it ferbaarnen fan fossile branje.

Opwaarming fan de ierde sûnt it begjin fan de jiertelling (grafyk: NOS)
augustus 9, 2021 12:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Onno Loonstra augustus 9, 18:25

    De minsken wolle net om lyk. Krimp sit der net yn. Fryslân hat syn langste tiid hawn.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.