Wêrom’t Grykske stânbylden fan dy lytse kultsjes hawwe

augustus 9, 2021 12:42
De David fan Michelangelo (foto: Alex Ghizila, Unsplash)

Wa’t de David fan Michelangelo besjocht, fernimt dat de bibelske held yn alles tige manlik is: kop fol krollen, breed boarst, spiersterke earms en skonken. Allinne de kul is frij lyts.

Dat hat Michelangelo net sels betocht: hy imitearre de klassike Grykske stânbylden. Dêrby falt ek op dat de gemachten fan in protte manlju net grut werjûn binne.

Utsûnderings binne der lykwols: by satyrs, healminsklike wêzens, barbaren en slaven is de kul faak wol grut. Neffens sjoernaliste Alma Feliz jout dat ek de reden oan wêrom’t de atleten, goaden en foarname manlju just mei in lytse kul ôfbylde wurde.

Dy binne it bist yn harsels nammentlik baas. Se binne treend, se hawwe in goed lichem opboud, mar binne gjin slaaf fan har gleonens. It ûnderdrukken fan ‘e seksuele gefoelens wie neffens har in wichtige deugd yn it âlde Grikelân. De Romeinen en letter de renêssânsekeunstners hawwe dy byldtaal oernommen, wylst de betide kristlike kultuer leaver die as bestiene geslachtsdielen net: dy waarden efter figeblêden of oare saken ferstoppe.

augustus 9, 2021 12:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.