Wêrom’t de kul by âlde manlju lytser wurdt (en wat dêroan te dwaan is)

augustus 6, 2021 20:17

Wisten jo dat it manlik geslachtsdiel mei de jierren lytser wurdt? Der is lykwols goed nijs: dêr is wat oan te dwaan!

As minsken âlder wurde, krije hja mear krupsjes. Tearen yn ‘e holle, in sloppe hûd, griis hier, in mindere kondysje. En by manlju: in lytsere kul. Wa’t op syn tweintichste fyftjin sintimeter yn ‘e broek hat, kin it op syn sechtichste wolris mei trettjin sintimeter dwaan moatte. Dat is de lingte, de trochsneed kin ek ôfnimme.

Hoe’t dat kin, leit dokter Edward Zimmermann út Las Vegas út. Hy hat sa’n tsientûzen folgers op Instagram en mear as in miljoen op TikTok. Yn koarte filmkes jout er nijsgjirrige medyske ynformaasje.

In wichtige oarsaak fan it lytser wurden fan de kul is dat manlju gauris grouwer wurde. De kul rekket dêrtroch yngroeven yn in laach fet. Wat dêr dan noch út stekt, is fansels koarter as by in slanker lichem.

In oare oarsaak is dat manlju op jierren minder testosteron oanmeitsje. It lichem wurdt dêrtroch wat minder typysk manlik. De kul en de ballen wurde dan ek wat lytser.

In tredde oarsaak is dat de ieren by âlde minsken gauris ferstoppe reitsje. By manlju kin dat derta liede dat der minder bloed yn de kul komt. Dy wurdt dêrtroch net koarter, mar wol tinner.

Fierders ûntsteane yn de rin fan it libben faak groeden yn it lichem, dus ek yn de kul. Dy binne it gefolch fan lytse ûntstekkings dy’t wer oergeane, mar dêr’t it lichem wol lytse skea fan oerhâldt. It groedeweefsel is net goed yn steat om te tinen en dat makket dat de kul wat krom wurdt, sadat er lytser liket.

Neffens Zimmermann jildt foar de kul itselde as foar it folsleine lichem: hy moat treend wurde. Dy’t de earms net brûkt, rekket spiermassa kwyt, dy’t it brein net brûkt, kriget in minder ûnthâld. In protte seks is neffens de urolooch dan ek de bêste manier om de typyske âlderdomskrupsjes foar te kommen. Hy wiist derop dat it lizzende wurk ek in goed middel is om prostaatkanker foar te kommen.

augustus 6, 2021 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.