Weromropaksje elektryske Chevrolets om gefaarlike akku
Resint ferskynd
De Amerikaanske autofabrikant General Motors ropt wrâldwiid alle Chevrolet Bolt-modellen werom. Yn ’e akku fan de elektryske auto sit in fabryksflater en dêrtroch kin brân ûntstean.
It euvel kaam ferline jier hjerst oan it ljocht nei’t ferskate auto’s yn ’e brân flein wiene. Neffens General Motors wie de flater yn in Súd-Koreaanske fabryk fan akkubouwer LG makke. Yn novimber waard al in weromropaksje bekendmakke fan in part fan de Bolts. Dy aksje waard ôfrûne moanne útwreide nei alle modellen âlder as 2019.
No hat General Motors besletten om ek alle jongere Bolts werom te roppen. Oanlieding is in nije brân yn in auto yn de Amerikaanske steat Arizona. De akku dêrfan wie nei alle gedachten net yn Súd-Korea makke, mar yn in fabryk yn ’e Feriene Steaten. Yn Europa wurdt dat type auto ferkocht as de Opel Ampera-e. Dêr waarden foarige moanne yn Nederlân al goed 3000 fan weromroppen, neffens fakblêd Automotive.
Oardel miljard euro
De weromropaksje beslacht no yn totaal goed 140.000 auto’s. De akku’s wurde op kosten fan General Motors ferfongen. It bedriuw lûkt dêr sa’n 1,8 miljard dollar (oardel miljard euro) foar út.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje