Werom nei doe mei ‘Fertel ris’

augustus 22, 2021 08:43

“Fertel ris, hoe wie jo skoalletiid, wat stie der by jimme op ’e tafel foar it jûnsiten en wat foar boartersguod hiene jim doe’t jim lyts wiene?” De nije searje Fertel ris ropt op ta it dielen fan ferhalen, anekdoates en oantinkens oan eartiids.

Foto: Afûk

De earste publikaasje fan Fertel ris hat yn de maitiid fan 2021 ûnderdiel west fan it tydskrift Pake & Beppe. Yn ’e rin fan it jier folget mear. De bedoeling is om sa mei bewenners fan ynstellingen, doarpsgenoaten, pake of beppe oantinkens oan earder tiden op te heljen en te ûnderfinen hoe moai oft it is om dy mei-inoar út te wikseljen. Foar mear ynspiraasje en praatstof steane der linkjes yn nei byldmateriaal fan doe.

It katern Fertel ris is hjir del te heljen.

augustus 22, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.