Wêr wurde de measte Olympyske medaljewinners berne?

augustus 14, 2021 09:39

Nettsjinsteande de drege omstannichheden fan de ôfrûne oardel jier helle de Nederlânske ploech yn Tokio in rekôroantal Olympyske medaljes: 36 yn totaal. Mar hokker Nederlânske stêd levere ús eins histoarysk sjoen de measte medaljes op?

Foto: Unsplash/Bryan Turner

Der is neat sa ferbinend as sport en dat uteret him by de Spullen yn folop oranje útdossingen en Nederlânske flaggen, oan ’e buis hingje om safolle mooglik wedstriden folgje te kinnen (dei en nacht), huldigingen (wêr mooglik) en fansels it Olympysk Festival dat fan ’t jier yn Skeveningen holden waard.

Holidu, sykmasine foar fakânsjehuzen, besleat no’t alle medaljes ferdield binne, in list te meitsjen mei alle Nederlânske medaljes dy’t sûnt 1900 op de Simmerspullen helle binne. Alle winners, harren medaljes en harren berteplakken waarden sammele en dêr kaam in ranglist út fan stêden en doarpen dy’t histoarysk sjoen de measte Nederlânske Olympyske medaljes fuortbrocht hawwe.

De winners fan de gouden, sulveren en brûnzen plak:
– It goud is foar Amsterdam, mei yn totaal 95 medaljes, wêrfan 23 gouden, 29 sulveren en 44 brûnzen medaljes.
– It sulver giet nei De Haach, mei 55 Olympyske medaljes, ferovere troch de fjirtich Olympyske winners dy’t harren widze yn de hofstêd stean hiene.
– It brûns is foar Rotterdam, mei 39 Olympyske medaljes, wêrfan tolve gouden, alve sulveren en sechtjin brûnzen medaljes.

Balk is op it fyftichste plak fan de ranglist einige. Besjoch de rest van de top tsien en in wiidweidige top 283 mei alle berteplakken fan Olympyske medaljewinners fan 1900 oant no.

augustus 14, 2021 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.