Wall House #2 yn Grins fiert 20-jierrich bestean

augustus 24, 2021 09:04

Op 5 septimber 2021 is it tweintich jier lyn dat it ikoanyske Wall House #2 yn Grins iepene waard. Om dat jubileum te fieren, wurde in moanne lang alle wykeinen feestlike aktiviteiten yn en om it gebou organisearre.

Foar de jongsten binne ûnder mear bernewurkateliers lyks ‘makette meitsjen’ en ‘arsjitekt foar ien dei’ te folgjen. Belangstellenden yn arsjitektuer kinne op 11 en 12 septimber, op Iepen Monumintedei, rûnliedingen yn en by it gebou folgje. Foar keunstleafhawwers wurde yn septimber rûnliedingen jûn troch de eksposearjende keunstners Gabrielle Kroese, Ismaël Lotz en Sabine Liedtke yn de eksposysje Are You Now. Dêrnjonken is fan ’e wike in Instagram-arsjitektuerfotowedstriid fan start gien. It folsleine jubileumprogramma is te finen op www.groningermuseum.nl/wallhouse.

Wall House #2 (foto: Gea Schenk)

Untwerp
It bysûndere wenhûs is ûntwurpen troch de New Yorkske arsjitekt John Quentin Hejduk. Hy ûntwurp Wall House #2 al yn 1973 foar de lânskipsarsjitekt Arthur Edwin Bye. Fanwege de hege kosten is it ûntwerp eartiids net útfierd. Dat barde pas in jier nei Hejduks dea, yn 2001, yn de nijbouwyk Hoornse Meer yn it suden fan de stêd Grins. Wall House #2 is de iennige realisearre filla út in rige fan ‘wall houses’ dy’t Hejduk ûntwurp.

It Wall House wurdt beskôge as ien fan de markantste wenhûsûntwerpen fan de tweintichste iuw, ferlykber mei it Schröderhûs fan Gerrit Rietveld en de Villa Savoye fan Le Corbusier.

Sintraal yn it ûntwerp stiet in 18,5 meter brede en 14 meter hege muorre. Oan ien kant dêrfan binne ferskillende romten ophongen, bestimd as sliep-, wen- en ytkeamer. Oan ’e oare kant fan de muorre binne de yngong, in rinbrêge en in kantoar situearre. It hûs ferwevet arsjitektuer en tinken oer arsjitektuer.

Bewenners
Wall House #2 waard boud op inisjatyf fan de gemeente Grins, Wilma BV en Kamminga Makelaars. It oarspronklike idee wie dat it troch in partikuliere keaper bewenne wurde soe. De fraachpriis wie in miljoen gûne. Der waard lykwols gjin keaper fûn. Nei it ferstjerren fan John Hejduk is besletten om op eigen manneboet mei de bou fierder te gean, as in earbetoan oan de bysûndere arsjitekt.

Yn de earste jierren bea it plak oan (ynternasjonale) keunstners yn residinsje. It Grinzer Museum beheart it gebou sûnt 2016 en boarget de iepenbiere funksje en de kulturele bestimming. Mei wikseljende eksposysjes en aktiviteiten lûkt it gebou sawol (wyk)bewenners út Grins as arsjitektuer- en keunstleafhawwers út Nederlân en fier dêrbûten.

Tagong fergees
It gebou en de eksposysje Are You Now is o/m 31 oktober 2021 alle sneonen en sneinen fan 12.00 oant 17.00 oere iepen. De tagong is fergees. Wall House #2 stiet oan de A.J. Lutulistrjitte 17 yn Grins.

augustus 24, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.