Walinga wint opnij by WK Frysk damjen

augustus 21, 2021 09:20

Harns, freed 20 augustus 2021

Foto: Stifting WFD

Yn in komplisearre partij yn ’e WK twakamp Frysk damjen wie Walinga yn de 9e omgong de meast lokkige; Folkert Groenveld fûn net de juste ferdigening yn in fiif om fiif-stân. De stân is no 7½-1½. Der wurde noch twa partijen spile yn ’e wedstriid.

It spul dat him freed ûntwikkele, wie foar beide spilers folslein nij. De goede fuortsettingen waarden faak net fûn. Analyzeprogramma Scan joech oan dat der achttjin flaters yn de partij makke wiene. Folkert Groenveld makke presys ien flater mear as syn tsjinstanner. Op ’e 44e set sloech Groenveld ferkeard, en dêrnei wie it spul fuort ferlern.

Byld: Scan/Stifting WFD

De stân wie kontaktryk en dêrtroch wiene der in protte farianten mooglik. De measte tiid stie Walinga foardielich. It wie in moaie partij foar de taskôgers dy’t diskear net goed út bliek te pakken. Diskear ek waard de skiif mear op in ferkeard momint weromjûn. Walinga drige troch de rjochterfleugel fan Groenveld hinne te brekken, wat Groenveld kreas foarkomme koe. Foar it earst yn ’e wedstriid kamen de spilers yn it einspul telâne. Beide spilers kamen nei ôfrin ta de konklúzje dat it spul in stik dreger wie as se sels tocht hiene.

Foto: Stifting WFD

10e partij: sneon 21 augustus, 14.00 oere;
11e partij: snein 22 augustus, 10.00 oere;
Slutingssearemoanje: 14.30 oere.

Alle partijen wurde yn it prachtige histoaryske stedhûs fan Harns spile.

augustus 21, 2021 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.