Walinga wint ek fjirde partij by WK Frysk damjen
Resint ferskynd
Harns, 14 augustus 2021
It begjint der dramatysk út te sjen foar útdager Folkert Groenveld yn ’e twakamp yn it WK Frysk damjen. Foar him komt de rêstdei twa dagen te let. Mei fjouwer punten efterstân wurdt it dreech om de stân gelyk te lûken. Yn it Frysk spul is de kâns om te winnen frij grut, dat Groenveld hat noch sân kânsen.
De earste trije partijen kaam de útdager mei foardiel út de iepening, mar begie trije kear in flater yn ’e slotfaze fan it spul. Yn ’e fjirde partij wie it foardiel yn ’e iepening foar Walinga en ek no die Groenveld in minder goede set. No op de 16e set mei 47-41. De iepeningstarieding fan Groenveld kaam der net út yn tsjinstelling ta de foarige partijen.
Folkert spile diskear noch lang troch yn de ferlerne stân, mei’t ek mei in minne stân der faak kombinaasjes mooglik binne yn it Frysk damjen. Yn it damjen binne der gjin foarbylden fan sokke grutte ferskillen yn in wedstriid. By it skaken wol. Dêr hat Bobby Fisher yn 1970 yn ’e kandidatewedstriden de topskakers Mark Tajmanov en Bent Larsen beide mei 6-0 ferslein. Dêrnei wûn er fan âld-wrâldkampioen Tigran Petrosjan mei 6½-2½.
Marten Walinga fertelde nei ôfrin dat er noch nea in partij sûnder flaters makke hie. De analyze fan it kompjûterprogramma Scan joech oan dat Walinga sneon yn syn partij gjin flaters makke hie. De perfekte partij Frysk damjen is sneon mooglik troch Marten Walinga spile. Hooplik foar de striid yn it WK ferbetteret Groenveld him noch en wit er de skea te beheinen.
Oant en mei snein 22 augustus wurde noch partijen spile yn de twakamp om de wrâldtitel Frysk damjen 2021. Alle partijen wurde spile yn it prachtige histoaryske stedhûs fan Harns.
De partijen wurde op in mediasjenike lokaasje spile. Alle partijen wurde mei streekrjocht kommentaar folslein streamd op kanalen lykas Twitch en YouTube. Eltse partij wurdt ek digitaal notearre. De streams en digitale notaasje sille streekrjocht te folgjen wêze op de eigen webside www.frisiandraughts.com fan Stifting WFD op de LIVE-side en op it damplatfoarm www.lidraughts.org.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje