Walinga wint de tredde partij fan ’e twakamp

augustus 14, 2021 08:43

Harns, 13 augustus 2021

De winst yn ’e twakamp om ’e wrâldtitel Frysk Damjen liket sa njonkenlytsen de kant fan Marten Walinga út te gean: de tredde partij tsjin Folkert Groenveld wist Walinga ek wer oertsjûgjend te winnen. De man út Jutryp joech op yn in ferlerne stân.

Foto: Stifting WFD

It Fryske spul lient him, krekt as it skaken, tige goed foar it spyljen fan in gambyt: jo jouwe in skiif sûnder dêr minder fan te wurden. Op dat mêd hat it Fryske spul mear oerienkomsten mei it skaakspul as mei it oerhoekse damjen.

De stân wie yn ’t earst lykweardich. Doe kaam it gambyt, dêr’t Groenveld it goede antwurd net rjocht op fine koe. Hy joech it houtsje werom, mar op it ferkearde stuit. Dêrmei kaam Walinga yn it foardiel. No moast Groenveld yn ’e ferdigening en hy die in set, dy’t der yn it Fryske spul hiel gewoan útsjocht, mar dy’t yn dizze stân krekt net koe. Dêrmei stie er yn ien kear ferlern en hy joech de hân.

Folkert Groenveld sil de kommende partijen al oan ’e bak moatte om it ferrin fan ’e twakamp noch om te bûgen. Noch acht spullen te gean.

augustus 14, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.