Walinga kin it útmeitsje – Groenveld stiet op ’e dea

augustus 19, 2021 07:51

Harns, woansdei 18 augustus 2021

Yn ’e sânde partij yn de twakamp om de wrâldtitel Frysk Damjen hat Marten Walinga it mei oermacht wûn fan syn útdager Folkert Groenveld. Walinga hoecht no noch mar in heal puntsje om syn titel mei twa jier te ferlingjen; it stiet no 5½-1½.

Foto: Stifting WFD

De iepening wie deselde as yn it earste spul, doe’t Folkert yn it foardiel kaam. Mar op de fyfde set wiek Walinga al ôf fan ’e bewende paden. It gie earst wakker gelyk op, mar nei Groenveld syn 15de set kaam Walinga der hieltiten better op te stean. Groenveld syn rjochterkant waard topswier. By eintsjebeslút koe Walinga frij ienfâldich oan ’e oare kant trochbrekke. Mar foardat it sa fier kaam makke Folkert Groenveld de definitive flater op ’e 26ste set. Marten Walinga makke it út mei in ferneatigjende slachset nei daam.

Foto: Stifting WFD

augustus 19, 2021 07:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.