Waarpraatsje: Tiisdei noch buien

augustus 9, 2021 19:39

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie yn ‘e nacht nei moandei ta en moandei oerdei in wiete boel. Rûnom yn Fryslân foelen it soad, pittige buien. Tiisdei is it ek noch buiïch.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei kinne der noch wat buien, miskien wol mei tonger falle. De sude- oant súdwestewyn is swak oant matich mar by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. It wurdt 14 graden.

Tiisdei falle der wer buien, mar yn ‘e rin fan ‘e middei knapt it waar wat op en sille wy grif de sinne ek noch wol efkes sjen. De wyn komt út it súdwesten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet earst noch wat mear wyn. Yn ‘e rin fan de middei rommet de wyn nei it westen. Mei 20 graden hâldt de temperatuer net oer.

Fan woansdei ôf krije wy in pear drûge dagen en dan wurdt it simmersk waarm.

Jan Brinksma

augustus 9, 2021 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.